Springe nei ynhâld

Amazône (rivier)

Ut Wikipedy
It Amazônegebiet
Solimoes, part fan de boppe Amazône river
Amazônereinwâld

De Amazône is de op ien nei langste rivier fan 'e wrâld en fierhinne de wetterrykste fan al, de rivier befettet nammentlik in fiifde part fan de hoemannichte natuerlike swietwetter op 'e wrâld. De rivier hat in lingte fan 6530 km, ûntspringt yn Perû en komt út yn de Atlantyske Oseaan yn Brazylje. De rivier streamt foar it grutste part troch it Amazônegebiet en it Amazônereinwâld. Yn de reintiid kin de rivier hiel breed wurde, op guon plakken wol 40 km breed.

De Amazone ûntspringt op 5200 meter hichte yn de snie fan de Andes. Op 190 km fan de Grutte Oseaan leit yn Peru in gletsjer dy't sjoen wurdt as de boarne fan de Amazône. Al gau krijt de Amazone, dy't dan noch ferskate oare nammen hat, wêrfan't de Marañón de ferneamste is, selskip fan tsjientallen oare rivieren foardat er yn Brazylje belannet; de Ucayali de grutste. As de Amazône yn Brazylje oankomt is der útwaakst ta in reusachtige wetterstream.

Fierder stream ôf krijt er fanút it noarden in protte wetter te ferwurkjen út it Heechlân fan Guyana, wêrfan't de Rio Negro de grutste leveransier is. Ut it suden krijt er alyksa in soad oanfier fan wetter út it Heechlân fan Bolivia en it Heechlân fan Brazylje. It binne de Rio Purús en benammen de Rio Madeira dy't dêroan bydrage.

As de Amazône yn de Atlantyske Oseaan útkomt hat er it wetter ôffierd fan om-ende-by 1100 sydrivieren. De Amazône bringt leafst 190.000 kubike meter wetter de sekonde nei de oseaan. De wetterstream hat yn de rin fan miljoenen jierren in geul op de oseaanboaiem útsliten fan inkele hûnderten kilometers lingte en it gielkleurige wetter fan de Amazône is te ûnderskieden fan gewoan seewetter oant 320 kilometer út de kust.

Kleur fan de syrivieren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It rivierenstelsel fan de sydrivieren fan de Amazône falt yn twa soarten útinoar. De giele rivieren en de blauswarte rivieren. De giele rivieren komme út de Andes fan Perû en binne giel fanwege it protte alluviaal slib dat sy befetsje. De kleare blauwswarte rivieren binne earm oan slib en komme út geologysk tige âlde massieven lykas it Guyanese skyld. De Rio Negro is dêr in foarbyld fan.

Diskusje oer de lingte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measten fan de gesachhawwende geografyske ynstânsjes beskôgje de Amazône as de op ien nei langste rivier fan 'e wrâld. De lingte fan de Amazône is troch ferskate geografen fêststeld; hy is tusken de 6259 km en 6800 km. lang. Omdat de útkomsten fan de ferskate mjittings fan de Afrikaanske rivier de Nyl tusken de 5499 km en 6695 km lizze, beskôget in lytse minderheid de Amazône as de langste rivier fan 'e wrâld. De ferskillen tusken de mjittings binne faaks it resultaat fan de ferskate definysjes.

Yn juny 2007 wienen der inkele Brazyljaanske wittenskippers dy't seine dat de boarne fan de Amazône yn it suden fan Perû leit en net yn it noarden, sadwaande soe de Amazône in lingte hawwe moatte fan 6800 km.[1] As dy bewearing troch it meastepart fan de gesachhawwende ynstansjes oernommen wurdt, sil de Amazone de langste rivier fan wrâld wêze.

  1. BBC News: "Amazon river 'longer than Nile'" en NOS Journaal: "'Amazone is langste rivier'"