Alternaria

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Alternaria
Swarte-plakkesykte op woartel
Swarte-plakkesykte op woartel
Taksonomy
domein: eukaryoaten (Eukaryota)
ryk: skimmels (Fungi)
stamme: Ascomycota
klasse: Dothideomycetes
ûnderklasse: Pleosporomycetidae
skift: Pleosporales
famylje: Pleosporaceae
skaai: Alternaria
Nees

Alternaria is in skimmelskaai, dat by de Ascomyceten heart. Alternaria-soarten binne wichtige feroarsakers fan plantesykten. Dêrnjonken binne der ek saprofityske soarten. Alternaria-soarten produsearje mykotoksinen, lykas alternariol. Se wurde mei it ûntstean fan sloktermkanker yn ferbân brocht. De yn ‘e hûs foarkommende soarten meitsje allergenen, dy’t heakoarts feroarsaakje of oergefoeligensreaksjes jouwe dy’t bytiden ta astma liede. By aids-pasjinten fersoarsaakje se opportunistyske reaksjes.

Alternaria-soarten hearre by de saneamde Fungi imperfecti. Se foarmen gjin asci (spoaresekje) en plantsje har net-slachtlik fuort troch de foarming fan mearsellige, raket- of knotsfoarmige konidiums. Ut genetysk ûndersyk blykt dat in soad Alternaria-soarten as telemorf (slachtlik stadium) ta it skaai Lewia hearre.[1]. Alternaria-soarten dy;t net ta dit skaai rekkene wurde kinne op grûn fan har slachtlik stadium, wurde net langer as Alternaria-soarten beskôge.

Der binne 299 soarten bekend[2].

Inkelde soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eksterne links[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Een punt voor typografie
  • Boek. Over het maken van boeken, H. van Krimpen, Van Loghum Slaterus / Gaade, 1966 / 1986
  • Tekstwijzer, K.F. Treebus, SDU Uitgeverij, 1990, ISBN 90-12-06634-4
  • The Elements of Typographic Style v. 3.0, Robert Bringhurst, Hartley & Marks, ISBN 0-88179-206-3
  • Counter-punch, making type in the sixtenth century designing typefaces now, Fred Smeijers, Hyphen Press, Londen, 1996
  1. Alternaria-Arten yn Index Fungorum
  2. Dictionary10th, Kirk PM, Cannon PF, Minter DW, Stalpers JA., Dictionary of the Fungi. 10th ed, CABI, Wallingford, 2008, isbn=0-85199-826-7, s. 22