Springe nei ynhâld

Alphonse Louis Nicolas Borrelly

Ut Wikipedy
Planetoïdes ûntdutsen: 18
(99) Dike28 maaie 1868
(110) Lydia19 april 1870
(117) Lomia12 septimber 1871
(120) Lachesis10 april 1872
(146) Lucina8 juny 1875
(157) Dejanira1 desimber 1875
(171) Ophelia13 jannewaris 1877
(172) Baucis5 febrewaris 1877
(173) Ino1 augustus 1877
(198) Ampella13 juny 1879
(233) Asterope11 maaie 1883
(240) Vanadis27 augustus 1884
(246) Asporina6 maart 1885
(268) Adorea8 juny 1887
(308) Polyxo31 maart 1891
(322) Phaeo27 novimber 1891
(369) Aëria4 july 1893
(394) Arduina19 novimber 1894

Alphonse Louis Nicolas Borrelly (Roquemaure ûnder Nîmes, 8 desimber 1842 - 28 febrewaris 1926) wie in Frânsk astronoom.

Borrelly wurke oan it observatoarium fan Marseille en ûntduts 18 planetoïdes (sjoch tabel) en in tal kometen, ûnder oaren de periodike komeet 19P/Borrelly.
De Frânske Akadeemje fan Wittenskippen ferliende him de Prix Valz fan 1903 en de Prix Lalande foar 1909. Yn 1913 ûntfong er de Prix Jules Janssen, de heechste ûnderskieding fan de Société astronomique de France, de Frânske astronomyske feriening.

De planetoïde (1539) Borrelly is nei him ferneamd.

Untdutsen kometen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Unfolsleine list fan kometen dy't Borrelly sels of yn 'e mande mei oaren ûntduts:

  • C/1873 Q1 (Borrelly)
  • C/1877 C1 (Borrelly)
  • C/1877 G2 (Swift-Borrelly-Block)
  • C/1889 X1 (Borrelly)
  • 19P/Borrelly
  • C/1909 L1 (Borrelly-Daniel)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: