Alice Springs
Alice Springs | ||
Bestjoer | ||
Lân | Austraalje | |
Dielsteat | Noardlik territoarium | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 27.481 (2008) | |
Oerflak | 148 km² | |
Befolkingsticht. | 178 / km² | |
Hichte | 576 m | |
Oar | ||
Stifting | 1872 | |
Tiidsône | ACST (UTC+9:30) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Alice Springs |
Alice Springs is in plak yn Sintraal-Austraalje; it leit yn it saneamde Reade Sintrum, it skrokke midden fan it lân. It is nei Darwin it grutste befolkingssintrum fan it Noardlik Territoarium. De lânseigen befolking, de Arrente, neamt de kriten dêr't Alice Springs no leit Mparntwe.
Alice Springs leit bot isolearre: de iennige stêden fan belang yn de fiere omkriten binne Port Augusta yn Súd-Austraalje (1007 km) en Darwin (1305 km). Westlik en eastlik fan it plak leit it MacDonnellberchtme. De rivier de Todd, dy't meastentiids drûch stiet, rint troch de stêd.
Alice Springs hat temperatuerferskillen dy't oprinne kinne oant sa'n 28 °C en de mannichte delslach ferskilt bot it jier. Simmerdeis leit de trochsneed temperatuer op 36.6 °C, wylst it by de winter trochstrings sa'n 7.5 °C is.
De stêd is ûntstien om in telegraafstasjon hinne, by in permaninte wel yn de Toddrivier, en groeide benammen troch de fynst fan goud yn 1887, sa'n 100 kilometer fierderop. Oant 1933 hjitte de delsetting Stuard, nei John McDouall Stuart dy't yn 1861-62 yn ekspedysje late troch Sintraal-Austraalje dy't de oanset wie fan de súd-noard rûte dy't oer Alice Springs rint.
-
Telegraafkantoar
-
De springs dy't de stêd har namme joegen
-
De Camel Cup-race
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alice Springs, Northern Territory fan Wikimedia Commons. |