Springe nei ynhâld

Algersmastate

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Algersmastins)
States om Kollum hinne, (klik op it kaartsje om de nammen lêze te kinnen)

Algersmastate of Algersmastins en Ouwe Algersma up der Treme wie in state op De Trieme yn Kollumerlân. De lizzing is ûnbekend.

Oer it ûntstean is neat bekend, mar yn 1467 hearde er ta de hearskippen dy't har tsjin in it ferdrach mei Grins fersetten. Faaks is syn hûs identyk mei dat thoe Algersma, neamd troch Andreae, dêr't yn 1488 Tyaerck thoe Algersma en syn frou Bauck Wybetsma wennen. Andreae fermoede dat dizze stins wolris deselde wêze koe as Alckemasaete of –heerd ûnder Feankleaster wêrfan't yn 1562 Tyardt Alckema eigener wie en yn 1591 nei alle gedachten dy syn pakesizzer Tyardt Alckes Alckema.

Eigeners
  • 1467 Ouwe Algersma
  • 1488 Tyaerck thoe Algersma
  • 1562 Tyardt Alckema (?)
  • 1591 Tyardt Alckes Alckema (?)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • mr. A.J. Andreae - Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009