Springe nei ynhâld

Alfred A. Knopf, Inc.

Ut Wikipedy
Alfred A. Knopf, Inc.
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1915
oprjochter Alfred A. Knopf sr.
eigner Bertelsmann AG
mem Random House
dochters Everyman's Library
Pantheon Books
Schocken Books
Vintage Books
offisjele webside
knopf.knopfdoubleday.com

Alfred A. Knopf, Inc. is in Amerikaanske útjouwerij dy't yn 1915 oprjochte waard en fêstige is yn New York. De namme wurdt op syn Amerikaansk-Ingelsk útsprutsen mei in stomme p en twa wurdlidden, as [kə'nɒf], "kunnof" (mei de klam op it lêste wurdlid). It bedriuw waard yn 1960 oernommen troch Random House en is no in ymprint dy't ûnderbrocht is by de Knopf-Doubleday Publishing Group. Knopf bringt sels ek boeken út ûnder de ymprints Everyman's Library, Pantheon Books, Schocken Books en Vintage Books.

Knopf waard yn 1915 oprjochte troch de útjouwer Alfred A. Knopf sr., wêrby't er sels direkteur waard en syn frou Blanche Knopf adjunkt-direkteur. Sy wie it ek dy't it logo fan it bedriuw ûntwurp, dat in barzoi of Russyske wynhûn foarstelt (Ingelsk: borzoi). Yn syn begjinjierren stie de útjouwerij derom bekend dat der behalven wurk fan Amerikaanske skriuwers ek in protte boeken fan Jeropeeske, Aziatyske en Latynsk-Amerikaanske auteurs útkamen. Fan 1923 ôf sette Knopf dêrnjonken útein mei it útjaan fan tydskriften, wêrûnder it fearnsjierblêd The Borzoi Quarterly, in útjefte oer de útjouwerij sels mei as doel om reklame te meitsjen foar de publisearre boeken. Fierders joech Knopf ek skoalboeken út oant de skoal- en kolleezjedifyzje fan Random House yn 1988 oerdien waard oan McGraw-Hill.

Alfred A. Knopf sr. waard yn 1957 as direkteur opfolge troch syn frou, en doe't sy yn 1966 ferstoar, krige William A. Koshland, dy't al sûnt 1934 foar it bedriuw wurke, de lieding. Underwilens wie de útjouwerij yn 1960 yn 'e hannen kommen fan konkurrint Random House, dy't der lykwols in selsstannige organisaasje foar hanthavene. Nei't yn 1961 ek Pantheon Books oankocht wie, waard dy ymprint by Knopf ûnderbrocht. Yn 1991 blies Knopf de Everyman's Library nij libben yn (oarspronklik oprjochte yn 1906), in rige klassiken yn hardcover-edysje. In protte hardcover-útjeften fan Knopf waarden fan 1954 ôf letter werútjûn as paperbacks ûnder de ymprint Vintage Books. Random House waard yn 1998 oernommen troch it Dútske útjouwersconcern Bertelsmann AG, dat Knopf yn 2009 mei Doubleday Publishing ûnderbrocht yn 'e Knopf-Doubleday Publishing Group, in ûnderdiel fan Bertelsmanns Bantam-Doubleday-Dell-difyzje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.