Springe nei ynhâld

Alexander Hoekstra

Ut Wikipedy

Alexander Hoekstra is in âld-wynsurfer út Tytsjerk. Hoekstra wie lid fan PZV De Wielen út Ljouwert. Troch syn gewicht en lingte stapte hy as studint ynformatika yn 1988 oer op de raceboard-klasse. Dit is de platboaiem ûnder de surfplanken, mar gjin Olympyske planke. Yn 1990 waard er wrâldkampioen by Buenos Aires en Europeesk kampioen yn de raceboard-klasse. Yn 1991 waard er yn Singapore foar de twadde kear wrâldkampioen en yn 1992 foar de kust fan it Spaanske Cadiz nochris.

Wûn trije kear de Alvestêde-wynsurftocht.

Alexander Hoekstra krige yn 1991 de Fryske Sportpriis, ûntwurpen troch Onno Boekhoudt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: