Alexander Comrie

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Alexander Comrie.

Alexander Comrie (16 desimber 1706, Perthdesimber 1774, Gouda) wie in griffoarmearde predikant en ien fan de lêste fertsjinwurdigers fan de Fierdere Reformaasje. Hy fersette him tsjin de opkommende geast fan Ferljochting. Sawol Abraham Kuyper (ARP) as Gerrit Hendrik Kersten (Steatkundich Grifformearde Partij) fielden har troch Comrie ynspireare.

Alexander Comrie stamme fan memmekant fan Andrew Gray ôf. Om syn 22e hinne kaam Comrie nei Hollân, dêr't er troch in pear rike freonen by steat steld waard om teology te studearjen. Op 1 maaie 1735 waard er befestige yn Woubrugge, dêr't er 38 jier bleaun is. Yn 1773 gie er mei emeritaat. Hy festige him dêrnei te Gouda, dêr't er yn desimber 1774 oerleden is. Hy waard begroeven yn de Sint-Janstsjerke yn Gouda.

Comrie hat as preker foaral striden tsjin de spoaren fan de Ferljochting dy't yn de tsjerke en teology te finen wienen. It wie de geast fan tolerânsje, dêr't in tuskenwei socht waard tusken de âlde ortedoksy fan de Synoade fan Dordrecht en it Ferljochtingstinken.

Alexander Comrie hat trijeris troud west: yn 1737 mei Johanna de Heyde, dy't al nei in jier houlik ferstoar, doe mei Maria van der Pijl en dêrnei mei Catharina de Reus, dy't him oerlibbe.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Comrie hat 23 wurken skreaun. It meast bekend is syn ABC des geloofs.

Hjirûnder it measte fan syn wurk op alfabetyske folchoarder:

  • Het A.B.C. des geloofs, of Toelichting op de benamingen van het zaligmakend geloof: volgens de letters van het alfabet, 1739
  • Brief over de regtvaardigmaking des zondaars, door de onmiddellijke toerekening der borg-geregtigheid van Christus, 1761
  • De dodige hersteld door Gods genaderijke toenadering, 1749-1750
  • Examen van het Ontwerp van Tolerantie, om de leere in de Dordrechtse Synode Anno 1619, vastgesteld met de veroordeelde leere der Remonstranten te verenigen, tegearre mei Nicolaus Holtius, 1753-1759
  • Het geloof, eene genade die de ziel op het allernaauwste met Christus vereenigt: predikatie over 1 Cor. VI: 17 Maar die den Heere aanhangt, is één geest [met Hem]
  • Het geloof in Christus
  • Maak mij levend om Uws Naams wil
  • Missive wegens de rechtvaardigmakinge des zondaars en de toeëigeninge van deze weldaad van Gods vrije genade aan hem door het ingewrocht gelove, 1757
  • Het oprecht geloof: Verklaring van Zondag 7 van de Heidelbergse Catechismus, 1753
  • Overgave aan de Heere
  • Stellige en praktikale verklaring van den Heidelbergschen Catechismus, volgens de leer en gronden der Reformatie: waarin de waarheden van onzen godsdienst op eene klare en bevindelijke wijze voorgesteld en betoogd worden; de natuurlijken mens ontdekt; de zoekenden bestuurd; de zwakken vertroost en de sterken tot hunnen pligt volgens eene evangelische leiding, opgewekt worden
  • Verhandeling van eenige eigenschappen des zaligmakenden geloofs: zijnde een verklaring en toepassing van verscheidene uitgek[n]ipte teksten des Ouden en Nieuwen Testaments, in welke de zorgeloozen en tijd-geloovigen worden ontdekt, gewaarschuwd en uitgelokt om het leven buiten zich in een aangeboden Jezus te zoeken ...
  • De waterzoekende ellendige