Aleksander Nevskikatedraal (Moskou)
Aleksander Nevskikatedraal
Александро-Невский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Moskou | |
koördinaten | 55° 46' N 37° 35' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patriarchaat | Moskou | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Aleksander Pomerantsev Viktor Vasnetsov | |
boujier | 1911- | |
sloopjier | 1952 | |
boustyl | Aldrussyske styl | |
Kaart | ||
De Aleksander Nevskikatedraal (Russysk: Александро-Невский собор, Aleksandro-Nevski sobor) yn Moskou wie de grutste fan in rige nei Aleksander Nevski ferneamde katedralen, de patroanhillige fan 'e keizers Aleksander II en Aleksander III. It ûntwerp fan it 70 meter hege monumint ta neitins fan 'e emansipaasjeherfoarmingsyn 1861 fan Aleksander II wie fan Aleksander Pomerantsev en Viktor Vasnetsov.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste stien foar it betinkingsmonumint waard yn 1911 op it Miusskaya Plein (in yndustrygebiet yn it noardwest fan Moskou) lein yn bywêzigens fan grutfoarstinne Elisabeth Fjodorovna op it stuit doe't it 50-jierrich jubileum fan 'e Emansipaasje Manifesto fierd waard.
De bou sette lykwols earst yn 1913 útein en mei't de Earste Wrâldkriich útbriek eine de bou net sa hurd mear. De earste kapellen waarden yn 1915 en 1916 wijd en sûnt waarden ek tsjerketsjinsten fierd. Doe't de Russyske Revolúsje útbriek wie de ûnbidich grutte tsjerke mei 21 koepels en plak foar mear as 6.000 minsken katedraal hast foltôge.
Nei de Russyske Revolúsje bleau de katedraal ûnfoltôge, wylst de Sovjet-autoriteiten debatearren oer de fraach of de tsjerke ferboud wurde moast ta in krematoarium (1925) of in radiosintrum (1934).
Ofbraak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Aleksander Nevskitsjerke wie op 'e Kristus-Ferlosserkatedraal nei de grutste tsjerke fan 'e haadsstêd. Lang om let waard it kasko yn 1952 (of 1956) ôfbrutsen. Yn 1960 waard op it plak in monumint foar de skriuwer Aleksandr Fadejev oprjochte en tichteby in pioniershûs boud.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aleksander Nevskikatedraal, Moskou fan Wikimedia Commons. |