Aldmear (Mitselwier)
Jump to navigation
Jump to search
It Aldmear mei Nijewier op de eftergrûn
De Aldmear is in tochtsleat dy't fan de Súd Ie nei de Mearwei tusken Nijewier en Mitselwier rint en dêrwei nei de wei Mitselwier - Ternaard. It foarmet de midsiuwske grins tusken de himrikken Nijewier en Mitselwier. It lêste stik fan de Mearwei ôf soe neffens guon ûndersikers it oerbliuwsel fan in seeslinke wêze kinne.