Alderheljentsjerke yn Kûlisjky (Moskou)

Ut Wikipedy
Alderheljentsjerke yn Kûlisjki

Всехсвятская церковь

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres Slavjanskaja pl. 4
koördinaten 56° 19' N 44° 02' E
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier oarsp. 1380
op 'e nij boud: 1687-1689
boustyl Moskouse barok
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 771410301830006
offisjele webside
Podvorie-Alexandria.ru

De Alderheljentsjerke (Russysk: Всехсвятская церковь; Vsechsvjatskaja tsjerkov) is ien fan de âldste tsjerken yn de Russyske haadstêd Moskou.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar it earst waard hjir in houten tsjerke boud troch Dmitri Donskoj, nei alle gedachten yn 1380 yn neitins oan de fallen manlju tidens de Slach by Kûlikovo. Tsjintwurdich leit de tsjerke yn it histoaryske sintrum fan Ruslân's haadstêd, mar doedestiids lei de bougrûn in ein fan Moskou's stedsgrins ôf. It wurd Kûlisjki waard in synonym foar "it ein fan de wrâld".

De houten tsjerke waard yn 1488 ferfongen troch in stiennen tsjerke, dy't yn de jierren 1687-1689 gruttendiels foar in tsjerke yn barokke styl plak meitsje moast.

Yn de jierren 1930 waard de tsjerke sluten en kaam it gebou yn hannen fan it Folkskommissariaat fan Ynlânske Saken. It gebou waard yn 1975 oerdroegen oan it Museum fan Skiednis fan Moskou. Nei it ynstoarten fan de Sovjet-Uny waard yn 1994 in romte ûnder de tsjerke ûntdutsen, dêr't tsjinstanners fan it kommunistyske rezjym fermoarde waarden.

It gebou waard yn 1991 werom jûn oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke. Yn 1994 waard hjir ta oantinken fan de slachtoffers fan de ûnderdrukking in krús delset.