Alde Dobbe

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Alde Dobbe is in dobbe of marke noardwestlik fan Westernijtsjerk yn de polder Bokkepôlen en De Keegen. It is in grutte drinkensdobbe foar it fee mei in ringwâl der omhinne mei in hichte fan 4.80 meter boppe N.A.P. Op dizze dobbe, mei sleatten en stekken der omhinne, waard yn it ferline by driigjend heechwetter it fee opsluten.

De dobbe helle yn 2006 it wrâldnijs doe't yn de nacht fan 31 oktober op 1 novimber by heechwetter in tal hynders ferdronk en tsientallen oare hynders mar krekt fan de ferdrinkingsdea ret wurden koene.