Springe nei ynhâld

Driek van Wissen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Albert Zondervan)
Driek van Wissen
skriuwer
Driek van Wissen yn 2010
Driek van Wissen yn 2010
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Albert Zondervan
echte namme Driek van Wissen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 12 july 1943
berteplak Grins
stoarn 21 maaie 2010
stjerplak Istanbûl
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Poëzy
jierren aktyf 1976 - 2010

Driek van Wissen (Grins, 12 july 1943 - Istanbûl, 21 maaie 2010) wie in Nederlânsk dichter. Op 26 jannewaris 2005 waard hy keazen ta Dichter des Vaderlands, as opfolger fan Gerrit Komrij en de Dichter des Vaderlands ad interim Simon Vinkenoog. Foar syn hiele oeuvre op it mêd fan de light verse wûn de dichter yn 1987 de Kees Stip-priis fan it tydskrift De Tweede Ronde. Fan Wissen publisearre ek ûnder it pseudonym Albert Zondervan, dat hy dielde mei Jean Pierre Rawie.

Driek van Wissen studearre Nederlânske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins en wie in dy tiid lid fan de Grinzer studinteferiening RKSV Albertus Magnus. Yn de jierren santich publisearre hy gedichten ûnder it pseudonym Albert Zondervan yn it literêr-satiryske studinteblêd De Nieuwe Clercke. Tegearre mei Jean Pierre Rawie publisearre hy yn 1976 De match Luteijn-Donner. In skaakkursus yn twa kea tolve sonnetten. Syn selsstannige debút folge yn 1978 mei Het mooiste meisje van de klas. Van Wissen skriuwt trochgeans yn sonnet- en snelsonnetfoarm; dêrneis betsjinnet hy him ek wol fan foarmen as rondeel, limerick en ollekebolleke. Yn 1980 publisearre Van Wissen de bondel Meisjesgenade dy't troch syn stêdgenoat Petrus Hoosemans bot parodiearre waard yn de bondel Voor schut. De match Hoosemans - Van Wissen: 49-0 (ek 1980).

Van Wissen hie in rubryk yn it Nieuwsblad van het Noorden oer ferkeard taalgebrûk. Ek wie hy fiif jier lang te hearren en te sjen yn it radio- en telefyzjeprogramma Binnenlandse Zaken fan de TROS, ûnder oare mei syn rubryk 'Krityk fan Driek'. Yn 2001 skreau hy alle dagen in gedicht foar de webside www.gedicht.nl, en yn de perioade nei 18 septimber 2000 droech hy hast 900 snelsonnetten oer aktuele ûnderwerpen by oan hast hielendal oan poëzij wijde site www.nederlands.nl. Medio 2006 wie hy dêr geandewei útgroeid ta de mei ôfstân meast produktive auteur.

Yn it deiske libben wie Driek van Wissen fan 1968 ôf dosint Nederlânske taal oan it Dr. Aletta Jacobs Kolleezje yn Hoogezand; hy beëinige syn wurkpaad yn it ûnderwiis doe't hy Dichter des Vaderlands waard.

Dichter des Vaderlands

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 26 jannewaris 2005 waard Driek van Wissen op De avond van het gedicht keazen ta Dichter des Vaderlands. Syn útferkiezing waard foarôfgien troch in yntinsive kampanje, laat troch Jean Pierre Rawie. By de kampanje dielde Van Wissen balpennen út mei in gedicht derop.

Van Wissen naam him foar gedichten te skriuwen oer de troansbestiging troch Willem-Alexander, de fal fan it kabinet-Wilders en de opheffing fan de Alvestêdekommisje. Yn jannewaris 2008 skreau Van Wissen in gedicht oer de populêre telefyzjesearje Boer zoekt vrouw wat te sjen wie middels ferskate media.

Bibliografy (yn 't koart)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Het mooiste meisje van de klas (1978)
  • De badman heeft gelijk (1982)
  • Dartele dactylus. Ollekebollekes nieuwste verzameling metrisch plezier (1984; tegearremei Drs. P, Jean Pierre Rawie en Ivo de Wijs)
  • Letterkundig verskwartet. 4x12 versvormen, (1985; tegearre mei Drs. P, Paul Lemmens en Jacob Steege)
  • Literair assortiment. 4x25 genres op rijm, Amsterdam (1985; tegearre mei Drs. P, Paul Lemmens (= Cees van der Pluijm) en Jacob Steege (= Jos Versteegen)
  • De Dikke van Dale is mijn beste vriend (1989)
  • Een loopje met de tijd (1993)
  • Mooi is anders (maar anders is niet altijd mooi) (1995)
  • ... een doorn in mijn oog en een doorn in mijn oor (1996)
  • Groot verkeerde-woordenboek der Nederlandse taal (1996)
  • Groot verkeerde-spreekwoordenboek der Nederlandse taal (1998)
  • De hap van Adam (1999)
  • Onverwoestbaar mooi. Verzamelde gedichten (2003)
  • Hart voor Elkaar (2006); tegearre mei hjoeddeisk keunstner Menno Baars.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]