Springe nei ynhâld

Albanezen

Ut Wikipedy

Albanezen binne in folk op it Balkan-skiereilân.

Wêr't de Albanezen wei komme is ûndúdlik. De measte skiedkundigen en taalkundigen tinke oan in Illyryske of in Daso-Trasyske oarsprong.

Albanezen foarmje de grutte mearderheid fan de befolking yn Albaanje, Kosovo en it westen fan Masedoanje. Yn Grikelân meitsje sy diel út fan de moslimminderheid. Ek bûten de Balkan wurde grutte groepen oantroffen, fral yn Turkije, Grut-Brittanje, Itaalje en de Feriene Steaten.

De Albanezen sprekke Albaneesk, in Indo-Europese taal sûnder nauwe besibbenens. It Albaneeske alfabet is basearre op it Latynske alfabet en hat 36 letters.

De measte Albanezen binne soennityske moslims. Wichtige religieuze minderheden binne Bektashi-moslims, Albaneesk-ortodoksen en Roomsk-katoliken.