Springe nei ynhâld

Agnes Frijlink

Ut Wikipedy
Atelier fan Agnes Frijlink

Agnes Frijlink (Emmen, 1973) is in byldzjend keunstner út Swol. Agnes groeide op yn Veenoord en ferfarde letter nei Ellertshaar. Oan de hegeskoalle foar de keunsten "Constantijn Huygens" yn Kampen folge se tusken 1993 - 1998 de oplieding skilderjen. Dêrnei die se de earstegraads learareoplieding Byldzjende foarming (CKV) en Keunstskiednis. Sûnt 2001 folget se de oplieding Nederlânske Taal en Kultuer oan de Universiteit fan Grins. Se studearre ôf mei grutte abstrakt-ekspresjonistyske wurken mar hat ek altyd portretten makke. Fûgels foarmje ek in weromkommend tema yn har wurk.

By har byldzjende wurk makket se ek filmkes en gedichten, ek oaren meitsje der wol gedichten by.

Eksposysjes fan har wurk wienen bûten galerys ek te sjen yn it drukkerijmuseum yn Meppel, it sintrum foar Pop en Kultuer Hedon yn Swol en it Wezenlannen-sikehûs fan Swol. Se kaam yn 2009 yn it nijs mei it organisearjen fan de eksposysje "Mea Vulva" yn Emmen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: