Springe nei ynhâld

Agema-saak

Ut Wikipedy

De Agema-saak is in bekende rjochtsaak út 1881 fan de koetsier Rients Agema, berne 1854 yn It Oranjewâld, dy't syn master Johannes Bieruma Oosting fan Oranjestein bedrige hawwe soe.

Op 4 maart 1881 waard koetsier Rients Agema skopt troch syn wurkjouwer Johannes Bieruma Oosting. Se hiene earder spul hân en Agema besleat dat genôch genôch wie en woe deselde deis opsizze en freegje om syn lean te beteljen. Der kaam skeel en Agema rekke ferwûne oan de hân. De plysje gie fuortendaliks út dat de lânhear gelyk hie en de koetsier waard oppakt. Hy waard beskuldige fan bedriging fan moard en ôfparsing. De útspraken fan Bieruma Oosting, syn frou en húshâldlik personiel, hoe ûnwierskynlik se ek klinke, waarden troch de rjochter leaud, dy fan Agema net en syn advokaat foar de ferdigening lei in swak pleit: Agema waard feroardiele ta seis moanne sel en 50 gûne. Der wie in soad opskuor oer dizze rjochtsaak, ek lanlik: "Likense gerjochtichheid foar master en feint". Winkelman en kafee-eigener Mintje Jacobs de Vries út It Oranjewâld organisearren in jildkollekte om te beteljen foar in bettere ferdigening yn berop. Mr. Samuel Katz út Amsterdam hat by de behanneling fan it heger berop oantoand dat de útspraken fan de famylje Bieruma Oosting en it personiel net op de wierheid basearre wiene.

It Friesch Volksblad krewearre ûnder it biedwurd: "Lyk rjocht foar hear en feint", foar rjochtsbystân oan de yn earste ynstânsje feroardielde. It slagge mr. Samuel Kats om Agema frij te krijen. As tank krige dy doe in sulveren skaal mei ynskripsje: gedichten fan Oebele Stellingwerf en Waling Dykstra. De skaal is te sjen yn it Frysk Museum.

Dizze hiele skiednis hie gjin gefolgen foar it deistich libben fan de Bieruma Oostings. Rients Agema koe syn libben lykwols net wer op koers krije. Uteinlikwaard er omswindler en siet er sels 3 perioaden yn de rykswurkfoarsjenning yn Feanhuzen.

It is ien fan de foarbylden fan klassejustysje, dêr't it gewoane folk yn ferset tsjin kaam. De striid makke ek grutte yndruk op Pieter Jelles Troelstra.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Agema-zaak.