Springe nei ynhâld

Age Oppedijk

Ut Wikipedy

Age Oppedijk (Wâldsein, 1 oktober 1845 - De Gordyk, 19 jannewaris 1912) hie in houthannel yn De Gordyk en waard benammen bekend om syn ynset foar de Fryske taal en kultuer.

Age wie de jongste soan fan seilmakker Lykle Piers Oppedijk en Grytsje Sipkes Postma. Yn it earstoan wurke er by syn broer yn de houthannel yn Wâldsein. Letter waard der in houthannel foar him op 'e Gordyk kocht om dêr eigen baas te wurden.

Oppedijk hat op 'e Gordyk in Frysk lêsselskip oprjochte om it lêzen en skriuwen yn it Frysk te befoarderjen. By syn dea yn 1912 waard bekend dat Age Oppedijk in legaat fan hûndert gûne, frij fan alle rjochten, tamakke hie oan it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Tinkboek fan it hûndertjierrich bestean fan it Selskip foar Fryske tael en skriftekennisse 1844-1944.