De Tsien fan Martens Afke
De Tsien fan Martens Afke | ||
Omslach fan in Nederlânske útjefte | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Afke's Tiental | |
auteur | Nynke fan Hichtum | |
taal | Nederlânsk | |
foarm | roman | |
sjenre | jeugdroman | |
1e publikaasje | 1903, Grins | |
oarspr. útjwr. | J.B. Wolters | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Tsien fan Martens Afke | |
publikaasje | 1957, Drachten | |
útjouwer | Utjouwerij Laverman | |
oersetter | Tjits Eisenga-De Groot |
De Tsien fan Martens Afke, yn it oarspronklike Nederlânsk: Afke's Tiental, is in roman foar jongerein fan 'e hân fan 'e Frysk skriuwster fan berneboeken en polityk aktiviste Nynke fan Hichtum (pseudonym fan Sjoukje Maria Diderika Troelstra-Bokma de Boer, 1860-1939). It waard foar it earst útjûn yn 1903, mei yllústraasjes fan Cornelis Jetses en Johan Herman Isings. De Tsien fan Martens Afke fertelt oer in earmoedich arbeidershúshâlden mei tsien bern yn it Fryslân fan omtrint 1900. Yn 1939 ferskynde der in Ingelske fertaling en yn 1957 waard it boek foar it earst oerset yn it Frysk, troch Tjits Eisenga-De Groot[1].
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in doarp op it Fryske plattelân wennet in grut arbeidersgesin yn in behindich húske. De mem, Afke, hat krekt har tsiende poppe krigen. De heit makket nettsjinsteande syn swakke sûnens lange dagen en docht datoangeande winterdeis, as de boer him oan it braakjen fan it flaaks set, folslein ferkeard wurk. Watse, de âldste soan, is yn militêre tsjinst, wylst Wypkje, de âldste dochter, yn Ljouwert as faam by in mefrou tsjinnet. Mar sels mei de beide âldste bern ta de doar út hawwe Marten en Afke der noch klauwen oan om alle mûlen te foljen. De memmeleafde fan Afke jout glâns oan wat oars mar in nearzich bestean wêze soe, en nettsjinsteande de earmoed wurdt it tsiende berntsje dochs mei blydskip begroete.
De Tsien fan Martens Afke is gjin ôfrûne ferhaal mei begjin en ein, mar lit de lêzer troch twa momintopnames, ien by 't winter en ien simmerdeis, sjen hoe't it yn it gesin om en ta giet. It boek iepenet as Afke winterdeis noch mar krekt âldkreams is, en de oare bern foar it earst harren nije bruorke Sipke sjogge. Dêrnei ferhellet it oer de kweajongesstreken fan Jetse; oer Klaas, dy't fan syn piteroaljesinten in waarme skelk foar mem byinoar sparret; oer Boukje en Sytske, dy't yn Ljouwert te útfanhûzjen geane by Wypkje har mefrou; en oer Marten, dy't de bern jûns sterke ferhalen fertelt. Dan ferspringt de fertelling in healjier. Boukje en Sytske moatte alle dagen tolve priemmen breidzje, mar wolle folle leaver blommen plôkje. As se dien wurk makke hawwe en ôfsetten binne nei de greide, ferdwynt lytse Wibe en krije sy dêr de skuld fan. Dan komt Watse thús, de soldaat, en giet Marten mei alle bern, útsein Wypkje, dy't net thús is, en Wibe en Sipke, dy't noch te lyts binne, in snein te farren op 'e mar. As se wer thúskomme, docht bliken dat Afke har iennichste goede jurk, dy't hja al fyftjin jier tige krekt bewarret en mar komselden draacht, fermakke hat ta nije jurkjes foar de beide famkes. It boek einiget as it gesin dy jûns út 'e wei giet.
Haadpersoanen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Afke: de mem, it mulpunt fan 'e húshâlding.
- Marten: de heit.
- Watse: de âldste soan fan 18 jier.
- Wypkje: de âldste dochter fan 16 jier.
- Eeltsje: 14 jier.
- Jouke: 12 jier.
- Klaas: 10 jier;.
- Jetse: 8 jier.
- Boukje: 6 jier.
- Sytske: 4 jier;
- Wibe: noch gjin twa jier; sit noch yn 'e bernestoel.
- Sipke: de krektberne lytse poppe.
- Saapke: de baakster.
- Ate Jetske: de buorfrou.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei Afke's Tiental joech Nynke fan Hichtum in ynkringend byld fan in trochsneed arbeidersgesin op it plattelân út 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw, en liet hja sjen hoe't earmoed alle fasetten fan it libben yn sa'n gesin beynfloedet. Hoewol't Afke's Tiental in tige Frysk boek is, soe in selde soarte boek ek oer in earm gesin út Drinte of Noard-Brabân skreaun wêze kinne, dat de "Fryskheid" docht neat ôf oan it algemiene boadskip dat de skriuwster dermei útdrage woe. Afke's Tiental, dêr't Nynke fan Hichtum daliks al grut súkses mei hie, wie ien fan 'e earste boeken, en seker ien fan 'e earste berneboeken, dy't dit ûnderwerp oanroerde. It hat grutte ynfloed hân op hoe't der yn Nederlân mank de hegerein nei de earmen sjoen waard.
De Tsien fan Martens Afke is baseare op it libben fan Sjoerd en Harmke Feenstra-Tuinstra út Wergea. Harren dochter wie tsjinstfaam by Nynke fan Hichtum, en is dus de Wypkje út it ferhaal, wylst de skriuwster sels yn it boek figurearret as "mefrou". De famylje Feenstra wenne yn in hûs efter wat no (2003) Hillebuorren 8 is. Nei't it boek útkommen wie, binne der noch twa bern bykommen. Yn Wergea stiet in byld fan Afke mei har tsiental, makke troch Suze Boschma-Berkhout, as monumint foar Nynke fan Hichtum. It is yn 1970 ûntbleate troch Ale Feenstra, de lytse Wibe út it boek, en beppesizzer Harmke Wijma-de Vries.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste Fryske oersetting fan Afke's Tiental ferskynde yn 1957 ûnder de titel De Tsien fan Martens Afke by Utjouwerij Laverman te Drachten. De fertaalster wie dichteresse en deiboekskriuwster Tjits Eisenga-De Groot. Yn 1989 kaam der, ta gelegenheid fan 'e fyftichste betinking fan it ferstjerren fan Nynke fan Hichtum ûnder deselde titel in nije oersetting út by de Friese Pers Boekerij. Dy fertaling wie fan 'e hân fan Jant van der Weg-Laverman, en ferskilde fan dy fan frou Eisenga-De Groot trochdat stavering en taalgebrûk oan 'e tiid oanpast binne. Neffens Van der Weg-Laverman wie it har stribjen om oan 'e iene kant sa deun mooglik by de oarspronklike, Nederlânsktalige tekst út 1903 te bliuwen en sa de tiidgeast fan doe fêst te hâlden, mar oan 'e oare kant ek om it boek lêsber en oansprekkend te meitsjen foar bern út dizze tiid. Koartsein is de oersetting fan Eisenga-De Groot in letterliken-ien, wylst dy fan Van der Weg-Laverman folle frijer is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noat:
|