Springe nei ynhâld

Aede fan Eysinga (1600-1636)

Ut Wikipedy

Eade fan Eysinga of Edo fan Eysinga (160030 desimber 1636) wie de âldste soan fan Pieter fan Eysinga en grytman fan Ljouwerteradiel.

Eade fan Eysinga komt al yn 1627 en 1629 foar as lid fan de Steaten fan Fryslân. Hy wie it grif dy't opjûn wurdt as liedende mei Sjuck fan Burmania it tredde hynder by de lykstaasje fan greve Willem Loadewyk fan Nassau. Op 14 novimber 1634 waard hy grytman fan Ljouwerteradiel, mar die dêr yn 1635 al wer ôfstân fan. Hy wie troud mei Catharina fan Eysinga, dochter fan Julius fan Eysinga en Rintje Gratinga, en wenne mei har yn Wurdum. Se krigen fiif bern, dêr't ien soan by siet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sminia, Nieuwe Naamlijst van Grietmannen, side 29, 30.