Adult Film Database

Ut Wikipedy
Adult Film Database
algemien
hist. namme Sodomite
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor ynternet / pornografy
oprjochte 1991 (1999 as de AFD)
offisjele webside
www.adultfilmdatabase.com

De Adult Film Database, almeast ôfkoarte ta AFD, is in fergees te rieplachtsjen Amerikaanske kennisbank (database) op it ynternet, dy't besiket en hâld gegevens by oer alle pornografyske films en (manlike en froulike) pornoakteurs. De namme betsjut: "Pornofilmkennisbank". De webside fan 'e AFD omfiemet filmografyen, beheinde biografyen, resinsjes, kategorisearre foto's út pornofilms en teffens in geregeld by de tiid brochte blôch mei it lêste nijs út 'e hiele wrâld oer pornoakteurs, pornofilms, pornoregisseurs, pornografyske filmstudio's, websiden fan pornoakteurs, ensfh. De Adult Film Database (AFD) moat net betize wurde mei de Internet Adult Film Database (IAFD).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierste ferzje fan 'e AFD waard yn 1991 ûnder de namme Sodomite gearstald troch in Amerikaanske studint. Tusken 1996 en 1999 sprong Sodomite yn it gat dat ûntstien wie nei't de earste ferzje fan 'e Internet Adult Film Database (IAFD) net mear by de tiid brocht waard. Yn 1999 krige de AFD syn hjoeddeistige namme. Neitiid groeide de webside troch de jierren hinne út ta de wichtichste Amerikaanske konkurrint fan 'e (yn 1999 nij libben ynblaasde) IAFD.

Yn 2007 omfette de AFD ynformaasje oer 90.000 pornofilms en oer 50.000 pornoakteurs. De webside hie tsjin dy tiid in foarbyld nommen oan 'e IAFD en de IMDb, en wie bannen oangien mei grutte pornografyske filmstudio's as Vivid Entertainment, Hustler Video, Wicked Pictures en Digital Playground. De AFD wurdt no rund troch in troud pear mei in stikmannich fêste meiwurkers. It wie de earste online-database op it mêd fan 'e pornografy dy't sawol heteroseksuële as homoseksuële films en akteurs opnaam. In oar ferskil mei oare pornografyske kennisbanken is dat de AFD in protte fotogalleryen omfiemet.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.