Springe nei ynhâld

Adri de Boer

Ut Wikipedy
Adri de Boer
sjonger en/of muzikant
Adri de Boer op Tsjoch 2002
Adri de Boer op Tsjoch 2002
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 24 jannewaris 1956
berteplak Surhústerfean
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre rock, trûbadoer
sjongtaal Nederlânsk, Frysk
ynstrumint sjonger, piano, gitaar
jierren aktyf 1990 - no
offisjele webside
Webstee Adri de Boer

Adri de Boer (Surhústerfean, 24 jannewaris 1956) is in Fryske trûbadoer út Lippenhuzen. Adri sjongt Frysktalich eigen wurk en begeliedet himsels op piano en gitaar. Syn repertoire bestiet út harksankjes, meisjongers en lietsjes mei in knipeach.

Op syn fyftjinde wie hy oargelist yn it koar De Shalom Singers en rjochtet letter mei sjonger Geert v.d. Veldede de band 'Mirre' op. Fierders spile er yn de hardrock bands 'Interlude', 'Dead Mans Handle' en 'De Lanterfant Rockband' as toetsenist. Yn 1987 sjongt er earst solo mei de programma's 'Reade Stiekeltrie' en 'Dwers oer myn lea'. Yn 1991 giet dat oer yn de Fryske band ADRI&SA. Dy formaasje bestie út Johan Cnossen, Ad Bos, Leo Sluimer en Martin Krist. Letter kamen Wim Wever en Andries Oenema foar Ad en Leo yn it plak.

Adri spilet en sjongt út harksankjes, meisjongers en lietsjes mei in knypeach. Hy begeliedt himsels op gitaar en piano. In soad sels skreaune lietsje wikselet er ôf mei teksten fan Giny Bastiaans, Hessel van der Wal, Jurjen v.d. Meer, Sikke Marinus, Simy Sevenster en Marre Steinvoorn. Sûnt 1987 sjongt er ek yn it Frysk. Yn 1998 wûn hy - begelaat troch Rik Lenten op saksofoan de lietsjeswedstriid Liet mei 'Soan'. De liettekst waard skreaun troch Giny Bastiaans. Yn 2001 wûn er it festival foar de twadde kear. No mei it sels-skreaune leafdesliet Wy. De Boer wie ek de trekker fan de band 'A3nSa' en 'De Heechste Tiid.

  • Breedút (1991) Cellar VRCD 002
  • Yn murch en bonken (1996) Marista MCD 5170
  • Alvestêdetocht (mei Fanfare Tynje & De Hiskefiskers, 1997)
  • Efkes priuwe (mini-CD, 1998)
  • Tinzen en Fantasy (2000)
  • De waarmte fan desimber (2002)
  • Easterbarrenliet/Samar op in dei (2005) mei Gerbrich van Dekken
  • Jongesjierren (2005)
  • Liet foar Palestina ( singel, 2007) mei Inez Timmer
  • Liet do lietsje (2008)
  • Oer alles skynt de sinne (2011)
  • Tsjoch In priuwke (1992)
  • Ken jij (1995)
  • Je t'aime oe so (1995)
  • Aaipop: Klink dan (1996)
  • Nee (1997)
  • Fryslân Muzyklân 2 (2001)
  • Frysk stjerrejûn (2001)
  • Fryslân muzyklân 3 (2002)
  • Wer in kroade fol (2002)
  • Tsien jier 'Liet' (2002)
  • Fryslân muzyklân 4 (2003)
  • Fryslân muzyklân 6 (2005)
  • Fryske Ferskes foar Sinteklaas (2008)
  • Frysk stjerrejûn (DVD, 2006)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: