Springe nei ynhâld

Adres

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer de oantsjutting fan lokaasje. Foar oare betsjuttings, sjoch: adres (betsjuttingsside).

In adres is de oantsjutting fan in beskate lokaasje op 'e wrâld, yn 'e regel fan in hûs, wente, oar gebou of fasiliteit. It is bedoeld om it pân yn kwestje fine te kinnen, mar is gjin unike identifikaasje fan in kadastraal perseel. De bekendste adresfoarmen binne it wenadres (of domisylje), dat oanjout wêr't in persoan wennet, it ferbliuwadres, dat oanjout wêr't in persoan ferbliuwt (mar net wennet), it fêstigingsadres, dat oanjout wêr't in bedriuw of ynstellingg fêstige is, en it postadres, dat oanjout wêr't de post besoarge wurde moat. In minder bekende adresfoarm is it oanslutingsadres foar gas, wetterlieding en/of elektrisiteit dat elts gebou yn prinsipe hat.

Adressen binne opboud út in strjitnamme mei byhearrend hûsnûmer, in postkoade en in plaknamme. De krekte folchoarder ferskilt per lân. Yn Nederlân is de folchoarder: 'strjitnamme+hûsnûmer–postkoade–plaknamme'. Yn 'e Angelsaksyske lannen is de folchoarder lykwols 'hûsnûmer+strjitnamme–plaknamme–postkoade'. By postadressen is der yn 'e regel gjin strjitnamme of hûsnûmer, mar fungearje de postbus en it postbusnûmer as sadanich. Inkeld komt it tsjintwurdich noch foar dat in (lyts) doarp gjin strjitnammen hat, mar wol hûsnûmers. (Dat wie foarhinne by ferskate plakken yn Fryslân sa, bgl. yn Britswert oant yn 'e jierren njoggentich.) Yn sokke gefallen fungearret de plaknamme (ek) as strjitnamme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.