Acts of Union 1707
De Acts of Union 1707 (Wetten fan de Uny of Unywetten) wiene twa parlemintêre wetten dy't yn 1706 en 1707 respektivelik troch it Parlemint fan Ingelân en it Parlemint fan Skotlân oannommen waard. Dy wetten hiene it Ferdrach fan de Uny (Treaty of Union), dy't tusken de twa lannen oerhannele waard, befêstige. De wetten waarden op 1 maaie 1707 fan krêft.
Troch dy wetten waard der in nije steat, it Keninkryk Grut-Brittanje skepen, troch it Keninkryk Ingelân en it Keninkryk Skotlân gear te foegjen. De twa keninkriken wiene al yn in personele uny sûnt de Uny fan de Kroanen yn 1603 feriene, mar wiene oant de unywetten noch hieltyd selsstannige lannen mei harren eigen parleminten. Wales wie sûnt it oannimmen fan de Wetten op de Welske Wetjouwing fan 1535 en 1542 part fan it Keninkryk Ingelân. De Crown of Ireland Act 1542 wie in wet fan it Ierske parlemint dy't regele dat kening Hindrik VIII fan Ingelân en syn opfolgers tenei ek de keningen fan Ierlân wêze soene.
Troch de Acts of Union 1707 waarden de parleminten fan Ingelân en Skotlân ûntbûn en ferfongen troch in nij Parlemint fan Grut-Brittanje, dy't syn sit yn it Paleis fan Westminster hie, dat earder it sit fan it Parlemint fan Ingelân wie.
Yn 1800 soe de Act of Union 1800 it Keninkryk Ierlân en it Keninkryk Grut-Brittanje gearfoegje ta it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân.
Nij Skotsk parlemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1999, nei krapoan trije iuwen, waard in nij Skotsk parlemint iepene nei in referindum yn Skotlân. It nije parlemint hat lykwols net deselde macht as it âlde Skotske parlemint, om't Skotlân noch hieltyd in lidlân fan it Feriene Keninkryk is.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) The Treaty of Union, it Skotske Parlemint
- (in) Articles of Union 1707 fan de Parlementêre Argiven
- (in) Ofbyld fan it Ferdrach fan de Uny
- (in) Hjoeddeistige tekst fan it UK Statute Law Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Notes, References en Sources and Further Reading op dizze side. |