Ace (follybal)
By in ace wurdt der yn ien kear in punt makke mei de opslach, sûnder dat de tsjinpartij de bal oanrekket ear't dy de grûn rekket. Dêrtroch is it de iennichste manier om in punt te meitsjen dêr't in spiler de útfiering hielendal sels yn 'e hân hat. Partoeren kieze faak foar de opslach at hja it opgoaien wûn hawwe, om't dy opslach harren dan de earste kâns jout om mei in ace in punt te meitsjen. Lykwols is it yn it beropsfollybal tige dreech om in ace te meitsjen, want de pass wurdt hieltyd better. Dejinge dy't opslacht, moat dêrtroch in protte risiko nimme at er in ace meitsje wol.
Der binne ferskate manieren om in ace te meitsjen:
- Mei in floater kin der in ace makke wurde. Omdat de bal net yn ien rjochte line op de tsjinstander ôfkomt, kin it wêze dat dyjinge de bal mist.
- Spylje om taktyske plakken. At der in opslach bygelyks flakby it net slein wurdt, kin it wêze dat de tsjinstander net fluch genôch is om dy bal noch spylje te kinnen.
- Tige hurd slaan. At de bal sá hurd slein wurdt, dat de tsjinstander net fluch genôch is om te reagearjen.
- Fia de netrâne. At der opslein wurdt en de bal de netrâne rekket, falt er soms krekt oan de oare kant.
Der kin ek yn ien kear in punt makke wurde mei de opslach, sûnder dat de bal earst de grûn rekket. Dat bart as:
- De tsjinstander net yn de goede formaasje op it fjild stiet.
- De spulferdieler te betiid wikselet mei de bûtenspiler.