Springe nei ynhâld

Oerlis:Ace (follybal)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Yn de measte sporten nimt in ienslach folle mear enerzjy as wat it spul oars freget. En goede spulregels meitsje it missen fan in ienslach ek riskanter. Dat, in ienslach is ornaris net de beste slach; it is allinnich de ienichste dêr't de spiler, of it partuer alles sels by yn 'e hân hat. Aliter 2 des 2010, 21.48 (CET) Mar is it dan aas of ees? Aliter 2 des 2010, 21.48 (CET)[beäntwurdzje]

Ok. Fiel jo frij om dat te feroarjen! Sadat de ynformaasje wer kloppet. Neffens my moat it gewoan ace bliuwe, wy hawwe yn it Frysk in staveringsregel dat lienwuden út it Ingelsk net ferfryske wurde, wurden út oare talen wol. At in Ingelsk wurd hielendal yn it Frysk thús is, soene je it ferfryskje kinne, mar dat is fansels dreech te sizzen. Dat wy koene dan wol in redirect meitsje foar ees (follybal) of sokssawat. MeinRei 3 des 2010, 18.29 (CET)[beäntwurdzje]

Ik soe earder tinke dat Ingelske wurden, dy't ornaris letter oernaam binne as Frânske, faak noch net werstavere binne om't dy noch net eigen genôch binne. Dat oan de iene kant gjin gramophone mar in grammofoan en oan de oare kant noch net in koats, mar noch in coach.
Mar at jo der in boarne foar hawwe, dan is dat faaks eat foar Frysk. Aliter 3 des 2010, 19.02 (CET)[beäntwurdzje]