Klamteken
è ò ù |
Lêstekens: skrapke of komma apostrof breedteken of kapke
|
It klamteken, is in teken dat yn ferskate talen brûkt wurdt om de krekte útspraak fan in lûd oan te jaan.
Frysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Frysk kin it klamteken om de klam yn de sin oan te jaan. It kin dan op alle lûden brûkt wurde:
- a - à
- e - è
- i - ì
- y - ỳ
- o - ò
- u - ù
- ij - ij̏
Fral klam op de y en de ij kinne mei in taastboerd lykwols net altiten skreaun wurde, en wurde ek net altiten goed ôfbylde.
It klamteken wurdt foar it Frysk as in tafoeging beskôge, net as in fêste kombinaasje. Om't in breedteken en in skerpteken ek net as part fan de letter beskôge wurde, wurde dy fuortlitten at der in klamteken op de letter set wurdt.
Nederlânsk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Nederlânsk brûkt it klamteken foar de útspraak fan benammen de e. Foar klam wurdt dêr it skerpteken brûkt, ek op de e. Dit jout by skriuwers fan it Nederlânsk bytiden wat betizing.