Abruzzen
Abruzzen Abruzzo | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | l'Aquila |
Oerflakte | 10.831,84 km² |
Befolking | 1.269.525 (31.01.2024) |
Befolkingstichtens | 117,2 ynw./km² |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Corno Grande : 2.912 m |
Oantal gemeenten | 305 |
Provinsjes | l'Aquila, Chieti, Pescara, Teramo |
De Abruzzen (Italjaansk: Abruzzi of Abruzzo) is in yn 1964 oprjochte regio yn Sintraal-Itaalje. De namme is ôflaat fan it Latynske Aprutium, dat safolle betsjut as Lân fan de swinen. Foarhinne makke de regio tegearre mei Molise diel út fan de regio Abruzzen en Molise. Yn it noardwesten grinzget de regio oan De Marken, yn it westen oan Latium, yn it súdeasten oan Molise en yn it easten oan de Adriatyske See.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De regio beskikt oer in soad moaie natuergebieten en der binne trije grutte nasjonale parken: Gran Sasso-Laga, Maiella en Abruzzo. Yn it lêste park libbe noch brune bearen. De twa heechste toppen fan de Apeninen lizze ek yn Abruzzo, it binne de Gran Sasso d'Italia (2.912 meter) en de Majella (2.795 meter). Oare natuerlike nijsgjirrichheden binne de Salanchi fan Atri en it uterste suden fan de Abruzzyske kust: de Punta Penna en Costa dei trabocchi. De regio is ek ryk oan marren dy't al dan net stood binne krektas it Mar fan Barrea, Mar fan Campotosto en Mar fan Bomba.
Natuerparken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Abruzzen binne fjouwer grutte natuerparken. De bysûnder rike berchfloara en -fauna is beskerme. Neist de earder neamde brune bear libje der yn it gebiet ek Apenynske wolven en stienbokken.
- Parco Nazionale d'Abruzzo
- Parco Nazionale del Gran Sasso e Monti della Laga
- Parco Nazionale della Maiella
- Parco Regionale Sirente Velino
Nijsgjirrichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De meast nijsgjirrige stêden fan de regio binne L'Aquila, Teramo, Sulmona, Lanciano, Chieti, Vasto en Atri. De grutste stêd is Pescara, it ekonomyske hert fan de regio. Dy stêd hat de toerist lykwols útsein de moaie strânbûlevaar net folle te bieden. De berchdoarpen fan Abruzzo binne yn it meastepart fan de gefallen, benammen yn 'e provinsje L'Aquila, tige moai en net troch de tiid oantaaste. In prachtich foarbyld dêrfan is Pacentro.
Oan de kust is it toerisme reedlik ûntwikkele. De wichtichste plakken hjir binne Roseto degli Abruzzi, Pineto, Giulianova en Montesilvano
Provinsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De regio bestiet út fjouwer provinsjes:
kaart | wapen | provinsje | ôfk. | haadstêd | oantal gemeenten |
---|---|---|---|---|---|
l'Aquila | AQ | l'Aquila | 108 | ||
Siti | CH | Chieti | 104 | ||
Pescara | PE | Pescara | 46 | ||
Teramo | TE | Teramo | 47 |
Gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fyftjin grutste gemeenten fan 'e regio binne neffens ynwennertal (haadstêden fan 'e provinsjes binne mei fette letter wjerjûn:
Wapen | Gemeente | Befolking
(30-6-2024) |
Provinsje | Oerflak (km²) | |
---|---|---|---|---|---|
1º | Pescara | 118.740 | Pescara | 33.95 | |
2º | L'Aquila | 70.312 | L'Aquila | 473.91 | |
3º | Montesilvano | 53.640 | Pescara | 23.57 | |
4º | Teramo | 51.408 | Teramo | 152.84 | |
5º | Chieti | 48.487 | Chieti | 59.57 | |
6º | Avezzano | 40.893 | L'Aquila | 104.08 | |
7º | Vasto | 40.811 | Chieti | 71.35 | |
8º | Lanciano | 33.901 | Chieti | 66.94 | |
9º | Roseto degli Abruzzi | 25.715 | Teramo | 53.27 | |
10º | Francavilla al Mare | 25.450 | Chieti | 23.09 | |
11º | - | Giulianova | 23.491 | Teramo | 28 |
12º | Ortona | 22.055 | Chieti | 70.88 | |
13º | Sulmona | 21.797 | L'Aquila | 57.93 | |
14º | - | San Salvo | 19.810 | Chieti | 19.7 |
15º | Spoltore | 19.017 | Pescara | 37.01 |
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Pescara.
-
Rocca Calaskio.
-
Lansiano.
-
Pasentro.
-
Trabucco.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abruzzo fan Wikimedia Commons. |
Regio's fan Itaalje | ||
---|---|---|
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje | ||
· · |