Springe nei ynhâld

Abraham Wassenbergh (predikant)

Ut Wikipedy

Ds. Abraham Wassenbergh (Ljouwert, 2 july 1701 - Frjentsjer, 28 oktober 1780) wie dûmny fan Lekkum (fan 1729 ôf) en Miedum (emeritaat 1778). Op 23 novimber 1732 trout er mei Clarissa Maria Langenhert (Follenhove, 14 july 1711 - nei 1766).

Wassenbergh bewenne de weme yn it earstoan mei syn suster Sara. Abraham wie in militante dûmny. Sa teach hy yn 1748 oan it haad fan in groep boeren, mei findels en tromme en kneppels en stokken op nei Ljouwert om dêr te protestearjen tsjin de hege opleine belestings. Ut Abrahams houlik mei Clarissa Maria Langenhart waard yn 1742 syn soan Everwinus Wassenbergh berne. Heit en soan Wassenbergh binne neist harren hûs op it begraafplak fan Lekkum begroeven.