Abraham Bruinsma
Abraham Annastatius Bruinsma (Ljouwert, 2 maart 1766 - dêre, 20 desimber 1849) wie in arsjitekt.
Boaske Clara Maria Zijlstra op 8 juny 1790 en wie de soan fan Annastatius Bruinsma (Warkum, 17 jannewaris 1737 - Ljouwert, 2 septimber 1818). Oplaat ta arsjitekt, bekwame er him yn Parys en kaam yn 1789 werom en fêstige him nei syn trouwen op it bûten Sjoerdastate yn Gytsjerk. Troch meardere oankeapen fergutte hy it lângoed en soe dêr oant syn dea wenjen bliuwe. Yn de Frânske tiid wie hy adjunkt-maire yn Oentsjerk, en fierders kapitein fan de lânstoarm, auditeur fan de kriichsrie fan it 5de bataljon, lid fan Steaten fan Fryslân foar de stân fan de eigenierden, en assessor foar Tytsjerksteradiel. It gemeentebestjoer fan Ljouwert droech him yn 1808 op in tekening te meitsjen fan fjouwer earepoarten by gelegenheid fan de oankundige yntocht fan kening Loadewyk. Yn 1821 makke hy it bestek en seach ta by de opbou fan it slot fan baron fan Lijnden, grytman fan Opsterlân, yn Beetstersweach. Hy ûntwurp ek it plan fan de grutte sosjéteit yn Ljouwert.
By syn ferstjerren blykte hy oan it roomske weeshûs en oan de roomske earmestrjitte yn Ljouwert elk tûzen gûne fermakke te hawwen. Syn frou C.M. Zijlstra wie ien fan Johanna van der Lely, dochter fan de sulversmid, dy't foar de kening fan Frankryk wurke hat; hja wie eigeneresse fan Sjoerdastate, dat nei har dea op har man oergie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |