Springe nei ynhâld

Abdij fan Hambye

Ut Wikipedy
Abdij fan Us-Leaffrouwe fan Hambye

Abbaye Notre-Dame de Hambye

Lokaasje
lân Frankryk
regio Normandje
departemint Manche
plak Saint-Pierre-sur-Dives
adres 3 Rue Saint-Benoît
koördinaten 48° 55' N 1° 15' W
Kleastergegevens
denominaasje Roomsk-Katolike Tsjerke
oarde Benediktinen
oprjochting 1145
opheffing Frânske Revolúsje
Ynformaasje bou
boujier 12e iuw
boustyl Romanogotyk
monumintale status Histoarysk monumint
Kaart
Abdij fan Hambye (Frankryk)
Abdij fan Hambye

De Abdij fan Us-Leaffrouwe fan Hambye (Frânsk: Abbaye Notre-Dame de Hambye) is in âlde benediktynske abdij yn it Frânske departemint Manche yn de regio Normandje. De yn de 12e iuw stifte abdij is tsjintwurdich foar in part in ruïne.

De abdij waard yn 1145 stifte troch Guillaume Painel, hear fan Hambye. Painel helle muontsen fan de abdij fan Tiron om it kleaster op te bouwen.

Yn 'e 13e iuw makke de abdij syn grutste bloei mei. Dêrnei rekke de abdij stadichoan yn it neigean. Noch foar de Frânske Revolúsje ferlieten de lêste muontsen de abdij. It kleaster waard as nasjonaal eigendom ferkocht en waard foar de lânbou brûkt. Sûnt 1810 tsjinne de tsjerke as stiengroeve en de kleastergong waard wat letter ôfbrutsen.

Hjoeddeisk gebrûk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1902 is de abdijtsjerke in histoarysk monumint. De rest fan it kompleks folge yn 1925.

De abdij is tsjintwurdich foar toeristen iepene. Njonken it restaurearre konvint binne de ruïnes en wikseljende útstallings oer meubilêr, tapiten of religieuze ornaminten te besjen.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abdij fan Hambye fan Wikimedia Commons.