Abdij fan Hambye

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Abdij fan Us-Leaffrouwe fan Hambye

Abbaye Notre-Dame de Hambye

Hamybe Abbaye de Hamybe Cour des Moines 3.jpg
lokaasje
lân Flag of France.svg Frankryk
regio Flag of Normandie.svg Normandje
departemint Drapeau non-officiel fr département Manche.svg Manche
plak Saint-Pierre-sur-Dives
adres 3 Rue Saint-Benoît
bysûnderheden
type bouwurk Abdij
boujier Sûnt de 12e iuw (stifting)
boustyl Romanogotyk
monumintale status Logo monument historique - 2017.png Histoarysk monumint

De Abdij fan Us-Leaffrouwe fan Hambye (Frânsk: Abbaye Notre-Dame de Hambye) is in âlde benediktynske abdij yn it Frânske departemint Manche yn de regio Normandje. De yn de 12e iuw stifte abdij is tsjintwurdich foar in part in ruïne.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De abdij waard yn 1145 stifte troch Guillaume Painel, hear fan Hambye. Painel helle muontsen fan de abdij fan Tiron om it kleaster op te bouwen.

Yn de 13e iuw makke de abdij syn grutste bloei mei. Dêrnei rekke de abdij stadichoan yn it neigean. Noch foar de Frânske Revolúsje ferlieten de lêste muontsen de abdij. It kleaster waard as nasjonaal eigendom ferkocht en waard foar de lânbou brûkt. Sûnt 1810 tsjinne de tsjerke as stiengroeve en de kleastergong waard wat letter ôfbrutsen.

Hjoeddeisk gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1902 is de abdijtsjerke in histoarysk monumint. De rest fan it kompleks folge yn 1925.

De abdij is tsjintwurdich foar toeristen iepene. Njonken it restaurearre konvint binne de ruïnes en wikseljende útstallings oer meubilêr, tapiten of religieuze ornaminten te besjen.