Springe nei ynhâld

Aar van de Werfhorst

Ut Wikipedy
Aar van de Werfhorst (twadde fan rjochts)(1958)

Aar van de Werfhorst, pseudonym fan Pieter Gerhardus (Piet) Jansen (Gronau, 3 maart 1907 - Wassenaar, 20 jannewaris 1994), wie in Nederlânsk auteur en sjoernalist.

Aar van de Werfhorst wie in bern fan Nederlânske âlden dy't in drogisterij yn Gronau hiene. Hy groeide meartalich op, mei Nederlânsk, Dútsk en Nedersaksysk. Yn syn jonkheid hâlde er in soad ta yn it Ruhrgebiet. Yn de fakânsjes kaam er faak oan de Oeriselske Fecht dêr't syn pake en beppe wennen, yn Beerzerveld. De Fecht is wichtich yn syn (benammenlik regionale) romans. Nei in Winterswijk ferfear de húshâlding Van de Werfhorst nei Vriezenveen. Aar van de Werfhorst gie nei de kweekskoalle, mar waard sjoernalist; yn 't earstoan yn Dútslân.
Letter brocht er it troch selsstúdzje ta letterkundige. De skûlnamme Van der Werfhorst ûntliende er oan de achtername fan syn beppe.

Yn de Twadde Wrâldoarloch moast Van de Werfhorst ûnderdûke, dêrnei wenne er by syn freon SDAP/PvdA-politikus en -minister Hein Vos. Hy wie ek syn sektaris. Nei de oarloch waard Van de Werfhorst syn wurk populêr en syn boeken waarden mear as ien kear fannijs printe. In tal fan syn romans en ferhalen waard bondele yn in diel fan de Omnibus-rige fan útjouwerij De Arbeiderspers. Foar it skriuwen wie Aar van de Werfhorst it leafst allinnich. Hy skreau ûnder oare yn in mûne yn Hellendoorn en in hûske yn Ommen.

Nei de publikaasje fan it lêste diel fan de romansyklus de Eenzame yn 1956 skreau Van de Werfhorst hast net mear en publisearre goed tweintich jier gjin nij wurk. Earst by gelegenheid fan syn 70e en 80e jierdei kamen der lytse bibliofile útjeftes mei relatyf nij wurk.
De lêste jierren wie Van de Werfhorst bûn oan in rolstoel.

It wurk fan Van de Werfhorst wurdt ta de Nieuwe Zakelijkheid rekkene.

  • Jennechien (1932)
  • De groote, stille knecht (1936)
  • Volcmar de Ommelandvaarder (1938)
  • Madame Jatzkowa (1941)
  • De winterkraaien (1945)
  • De Eenzame (earste diel fan de romansyklus De Eenzame, 1949)
  • De steenen kamer (1952)
  • Het laatste huis (twadde diel fan de romansyklus De Eenzame, 1952)
  • 'Aar van de Werfhorst Omnibus mei dêryn: De grote, stille knecht, Madame Jatzkowa, De winterkraaien, De opstandige Scholtenboer, Twee rode reeën (1953)
  • Twee rode reeën (1954)
  • De Reis (tredde/fjirde diel fan de romansyklus de Eenzame, 1956)
  • Tranen der dingen (poëzy, 1977)
  • Herfsttijloos (1987)
  • Die Damen Lion; in ferhaal (1988)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]