Springe nei ynhâld

Aaltsjemuoisleat

Ut Wikipedy

De Aaltsjemuoisleat (offisjeel Frysk) is in feart yn de gemeente Achtkarspelen. De Aaltsjemuoisleat rint fan de Kûkhernster Feart nei Koatstertille, oarspronklik nei Koaten. De feart foarmet de súdein fan de ferkaveling tusken de Swadde en de Alde Dyk. Hast it hiele ein is it dêrom ek de grins mei de gemeente Dantumadiel.

De namme Aaltsjemuoisleat jildt mei yngong fan 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Aalmoeisloot.