AEGEE

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It AEGEE-netwurk yn Europa

AEGEE (Association des États Généraux des Étudiants de l'Europe of European Students' Forum) is in Jeropeeske studinteferiening mei it doel om it yntegrearjen fan studinten oeral yn Europa te begeunstigjen. Neffens dy doelstelling hat AEGEE - oars as benei alle oare ferienings, organisaasjes, bedriuwen of oar ynternasjonale gearwurkingsferbannen yn 'e wrâld - gjin bestjoer op nasjonaal nivo, mar allinnich op lokaal en Jeropeesk nivo. AEGEE is in sekuliere, ynterdisiplinêre, non-profit organisaasje, dy't net oan in politike partij ferbûn is.

AEGEE is yn 1985 oprjochte yn Parys en hat op it stuit by elkoar mear as 15.000 leden oer 241 ôfdielings (antennae) yn 'e measte Jeropeeske studintestêden ferparte oer 42 lannen. It Jeropeeske bestjoer fan AEGEE (AEGEE-Europe) hat syn haadkantoar (headoffice) yn Brussel. Op Jeropeesk nivo organisearret AEGEE it hiele jier troch útwikselings, gearkomsten, Summer Universities, konferinsjes en oare aktiviteiten oeral yn Jeropa.

Ferienings (op lokaal nivo)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op lokaal nivo sjogge de AEGEE antennae (lokale ôfdielings) der net altyd itselde út. De ferienings binne elk in selsstannich rjochtspersoan. Wannear't in antenna de 'Convention d'adhesion for AEGEE' tekene hat en yn syn eigen statuten in ferwizing nei de 'Convention' opnommen hat, is de antenna lid wurden fan 'e Jeropeeske koepel fan AEGEE-Europe. De leden fan in lokale feriening binne dus sels net lid fan AEGEE-Europe; allinich de antenna is lid. Dêrom kinne inkeld de antennae stimme op in ledegearkomste.

De measte Nederlânske en Belgyske binne op lokaal nivo selligensferienings foar studinten, mei ferskate aktiviteiten yn 'e eigen stêd. Faak binne de ferienings ek lid fan oare koepels yn 'e eigen stêd, lykas de pleatslike Keamer fan Ferienings, of fan oare ynternasjonale koepels. Yn Nederlân binne der AEGEE antennae yn alle universiteitsstêden útsein yn Wageningen. Yn fjouwer stêden yn België is in AEGEE antenna, en dêrneist is it haadkantoar fan 'e koepel, AEGEE-Europe, fêstige yn Brussel. AEGEE is net allinich foar studinten fan 'e universiteit, en yn it ferline hawwe d'r ek AEGEE-antennae yn ferskate Nederlânske HBO-stêden west. De hjoeddeiske ferienings yn Nederlân en Belgje binne op alfabetyske folchoarder:

  • AEGEE Amsterdam
  • AEGEE Antwerpen
  • AEGEE Brussel
  • AEGEE Delft
  • AEGEE Eindhoven
  • AEGEE Gint
  • AEGEE Grins
  • AEGEE Leien
  • AEGEE Leuven
  • AEGEE Maastricht
  • AEGEE Nymwegen
  • AEGEE Rotterdam
  • AEGEE Tilburch
  • AEGEE Utert
  • AEGEE Ynskedee

Koepel (Jeropeesk nivo)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lokale AEGEE ferienings binne lid fan 'e Jeropeeske AEGEE koepel, dy't faak AEGEE-Europe neamd wurdt.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]