Aleksander III fan Ruslân
Aleksander III Aleksandrovitsj fan Ruslân (Russysk: Александр III Александрович; Aleksandr III Aleksandrovitsj), mei de bynamme de "fredestichter" (Миротворец, Mirotvorets) (Sint-Petersburch, 26 febrewaris 1845 — Jalta op de Krim, 20 oktober 1894) wie fan 1881 oant 1894 tsaar fan it Russyske Ryk. Hy draaide guon liberale feroarings dy't syn heit Aleksander II ynfierd hie tebek.
Aleksander wie it tredde bern en de twadde soan fan grutfoarst Aleksander Nikolajevitsj fan Ruslân en syn frou grutfoarstinne Maria Alexandrovna, dy't feitlik prinsesse Marie fan Hessen-Darmstadt hiet. Op dat stuit wie syn pake, tsaar Nikolaj I, oan de macht en wie syn de tsarevitsj (soan fan de tsaar) fan Ruslân.
Bewâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It besykjen fan syn heit, Aleksander II om it Russyske folk mear autonomy te jaan, waard troch Aleksander III folslein ûngedien makke. Fanwege it fermoardzjen fan syn heit wie er fan betinken dat dy foarm fan frijheid allinne mar foar mear revolúsjonêre ideeën soargje soe, dat syn bewâld wie reaksjonêr. Hy joech de liberaal gesinde ministers fan syn heit dien, beheinde it foech fan de zemstvo's, ferskerpe it steatstafersjoch op middelber en heger ûnderwiis, wreide it foech fan de polysje út en trede as hoeder fan de ortodoksy strang tsjin joaden, Roomsk-katoliken en protestanten op. Opstannelingen en dissidinten waarden massaal nei Sibearje ferbanne.
Aleksanders bûtenlânske polityk, yn it earstoan pro-Dútsk, rekke op Frankryk oriïntearre. Lykas syn foargongers gie ek fierder mei it stadichoan fergrutsjen fan syn macht yn Sintraal- en East-Aazje. Hy die dêrby in protte war om konflikten mei oare grutmachten te mijen. Aleksander III stoar hommels op 20 oktober 1894 yn syn simmerferbliuw, it Livadiapaleis op de Krim en waard opfolge troch syn soan Nikolaj II fan Ruslân.
-
Frou fan Aleksander III, Maria Fjodorovna.
-
Alexander III as tsarevitsj mei syn âlden tsaar Alexander II en tsarina Marie Alexandrovna.
-
Aleksander III as jongkeardel mei syn ferloofde, prinsesse Dagmar fan Denemarken.
-
De jonge húshâlding fan Aleksander III. F.l.n.r.: Mikhail, Maria Fjodorovna, Aleksander III, tsarevitsj Nikolaj, Olga, Xenia en Georgi. Foto: Sergej Levitski
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alexander III of Russia fan Wikimedia Commons. |