Heckler & Koch MP5
De Heckler & Koch MP5 (út it Dútsk: Maschinenpistole 5, 'masinepistoal model 5') is in 9mm masinepistoal fan Dútsk ûntwerp, yn de jierren sechtich ûntwikkele troch de Dútske hânfjoerwapenfabrikant Heckler & Koch GmbH (H&K), út Oberndorf am Neckar.
De MP5 is ien fan de meast brûkte masinepistoalen yn de wrâld; it wurdt troch in soad oerheidstsjinsten brûkt. Yn de jierren 1990 waard de Heckler & Koch UMP ûntwikkele, in opfolger fan de MP5, mar dy lêste bleau wol yn produksje.
Yn 1966 waard it wapen yn gebrûk naam troch de Dútske plysje en kustwacht. Yn 1976 waard de koarte ferzje MP5K (K stiet foar kürz) útbrocht. In foarbyld by it ûntwerpen fan de MP5 wie de Israelyske Uzi-pistoalmitrailleur.
It wapen waard yn de rin fan de tiid hieltyd oanpast. It wapen brûkt lykas in protte pistoalen 9x19mm Parabellum munysje. Hy waard troch in protte lannen oanskaft foar de plysje, befeiliging en spesjale ienheden (Britske polysje en elite-SAS-ienheden, Amerikaanske polysje, SWAT, FBI, Amerikaanske leger, arrestaasjeteams en de Tsjinst Keninklike en Diplomatike Befeiliging (DKDB) fan Nederlân.
De MP5 is it sekundêre wapen fan Nederlânske Arrestaasjeteams en wurdt tapst at ferset mei fjoerwapens ferwachte wurdt. Ek de Brân- en Triengasienheid (BraTra) fan de Mobile Ienheid wurdt treent yn it gebrûk fan de MP5. Yn jannewaris 2016 waard bekend makke dat ek befeiligingsienheden fan de Nasjonale Plysje mei de MP5 útrist wurde sille út reden fan de grutter wurdende kâns op terroristyske oanslaggen mei automatyske wapens.
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kaliber: 9x19mm Parabellum (ek .40S&W en 10mm Auto)
- Gewicht (leech): 2,54 kg
- Langte: 680 mm
- Langte loop: 225 mm
- Fjoersnelheid: 800 skotten de minút
- Magazyn: 15/30 patroanen, 31 by trochladen