Oberndorf am Neckar
Oberndorf am Neckar | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() | |
Sifers | |
Ynwennertal | 13.682 (2014) |
Oerflak | 55,93 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 245 / km² |
Stêdekloft | n.f.t. |
Hichte | 450-506 m |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Baden-Württemberg |
Regierungsbezirk | Freiburg |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.oberndorf.de |
Oberndorf am Neckar is in stêd en gemeente yn de Dútske dielsteat Baden-Württemberg, yn de Landkreis Rottweil. De stêd leit oan de rivier de Neckar.
It plak waard foar it earst neamd yn in skinkingsoarkonde fan de Abdij fan Sankt Gallen yn 782.
Stedsdielen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Altoberndorf
- Aistaig
- Boll
- Bochingen
- Beffendorf
- Hochmössingen
- Kernstadt
Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de stêd binne trije wapenfabrikanten fêstige mei in lange skiednis. Yn 1811 festige kening Frederik I fan Württemberg de earste wapenfabryk yn it doetiidske Augustiner kleaster oan de rivier. Yn 1871, begûnnen twa wurknimmers, de bruorren Wilhelm en Paul Mauser, foar harsels. Tsjintwurdich hat Rheinmetall der in pear fabriken, dêr't Mauser yn 2004 yn opgien is, mei ûngefear 300 wurkernimmers. Heckler & Koch (H&K) hat syn fabriken dêr ek. H&K is in wrâldferneamde hânfjoerwapenfabryk en -eksporteur. Mei in jieromset fan sa'n 200 miljoen euro en sa'n 700 wurknimmers is H&K de wichtichste wapenprodusint fan Dútslân en de grutste wurkjouwer fan de stêd. Dan is der noch Feinwerkbau, in lytsere spesjalist yn sportwapens.
Betinkingsmonumint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Buch der Erinnerungen (2007) is in monumint fan de byldhouwer Jürgen Knubben út de stêd Rottweil, dat de 308 twangarbeiders (wêr't ek in stikmannich Nederlanners ûnder wiene) te binnen bringt, dy't yn de nazytiid stoarn binne yn it konsintraasjekamp Arbeitserziehungslager Oberndorf-Aistaig, by de Arbeitseinsatz yn it wapenfabryk fan Mauser. It Mahnmal waard ûntbleate yn Oberndorf am Neckar op 27 jannewaris 2007 (Holocaust Gedenktag).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|