Stasjonsgebou
In stasjonsgebou is yn 'e regel it haadgebou fan in spoarstasjon, dat fierders spoarlinen, perrons, in ranzjearterrein en oare gebouwen omfettet. It kin ek by in busstasjon hearre, dat fierders bestiet út in remize, ûnderhâldsfoarsjennings en bushaltes. Stasjonsgebouwen binne iepenbier tagonklik en leverje tsjinsten oan reizgers. Men kin dan tinke oan loketten foar de ferkeap fan kaartsjes (as dy noch net ferfongen binne troch kaartsje-automaten), wachtromten en húskes. Faak omfettet in stasjonsgebou ek in 'stasjonsrestauraasje': in soarte fan ynboud restaurant. Fierders is der gauris in kiosk of boekhannel fêstige, en oare winkels, lykas in blommesaak of in drogisterij, of sels in kapsalon.
Ornaris is de grutte fan in stasjonsgebou ôfhinklik fan it tal reizgers dat der op deistige basis gebrûk fan makket. In rêstich stasjon yn in lytseftich plak sil dêrom in folle behindiger stasjonsgebou hawwe as it sintraal stasjon yn in grutte stêd. Sadwaande kinne stasjonsgebouwen útinoar rinne fan ienfâldige bouwurken fan mar ien ferdjipping mei beheinde tsjinsten foar reizgers, oant grutte gebouwen mei in stikmannich ferdjippings dêr't alderhanne tsjinsten oanbean wurde. Guon âldere stasjonsgebouwen hawwe monumintale ôfmjittings en navenante boustilen; in diel dêrfan hat wier de status fan monumint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |