Springe nei ynhâld

De Bijenworf

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 mai 2020 om 02.04 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Bijenworf, oprjochte foàr 2012, is in museum oer it hâlden fan bijen yn Lies op it waadeilân Skylge.

Yn in tradisjonele Skylger pleats is in tentoanstelling oer ymkers fan no en út it ferline: kuorren, kasten, klean, ark, huninglingers, ensfh. De eksposysje beslacht in tiidrek fan sa'n 150 jier ymkerjen. Yn demonstraasjekasten sitte bijefolken om it gedrach en de biology te bestudearjen. Der is in spesjaal ynrjochte tún by. As de omstannichheden goed binne binne der demonstraasjes fan de ymker. Bern kinne in eigen waakskears draaie. Yn it winkeltsje binne huningsoarten, waakskearsen, stikjes huningsjippe en oare mei de bijen annekse produkten te krijen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: