Springe nei ynhâld

Steatstsjerke

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 mai 2020 om 01.07 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In steatstsjerke is in tsjerke dy't offisjeel erkend wurdt troch de steat.

Deputearre Steaten wiene yn de Republyk "fiedsterhearen" fan de grifformearde tsjerke. Harren macht wie grut, ek dêr't soks net te ferwachtsjen wie, lykas by predikantsberopping, bibeloersetting en psalmberiming. De tsjerke hie macht troch de steat.

At de belangen botsten moast de tsjerke ornaris belies jaan. Yn de strid tsjin de fûlkssûnden steunde de steat de tsjerke amper, tsjin de ketters lang net altiten. As de tsjerke de poat stiif hâlde ûntstie fûle strideraasje, bygelyks mnei de magistraat yn Snits, Dokkum en Ljouwert. Yn ûnrêstige tiden doarde de tsjerke bytiden frijmoedich de klachten (kûperij), amtsferkeaping) te formulearjen ( 1627, 1672 ).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: