Apostrof (lêsteken)
’ |
Lêstekens: skrapke of komma apostrof breedteken of kapke
|
De apostrof, it weilittingsteken of it ôfkapteken is in lêsteken yn de foarm fan in skrapke boppe oan de rigel (’).
De apostrof is net itselde as it klammerke.
Frysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Frysk kin it teken oanjaan dat der ien of mear letters fan in wurd fuortlitten binne. Inkeld is dat fuortlitten opsjoneel, inkeld ferplichte. It fuortlitten kin barre:
- oan it begjin fan in wurd: ’t (it)
- yn in gearfoeging fan twa wurden: sa’n (sa ien)
Yn in meartal of de genityf fan in wurd dat op in lûd einiget, om in ferkearde útspraak foar te kommen: Anne har foto’s. It brûken fan de apostrof is hjir ferplichte: Anne har fotoos is ferkeard. By it ferlytsingswurd wurdt de letter lykwols wól ferdûbele: fotootsje (ek: fotoke).
Yn sinnen dy’t mei in apostrof begjinne, krijt net it earste mar it twadde wurd in haadletter:
- ’t Is dochs wat!
In oare tapassing fan de apostrof:
- by it ôflieden fan letterwurden: sms’e
Oare tapassings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De apostrof wurdt ek oars as in lêsteken brûkt en dan gauris op deselde wize as it aksint. Foarbylden fan dat gebrûk binne it brûken as symboal foar de bôgeminút, 1/60 diel fan de bôgegraad, of foar de minút), 1/60 part fan de oere. Sa stiet 2’ foar twa minuten. Yn de wiskunde tsjut in apostrof op de ôflate: jo skriuwe dan (út te sprekken as "f aksint") as koarte notaasje foar .
Ek spilet de apostrof in rol yn beskate kodearrings, bygelyks by de asyndieling fan in lokomotyf neffens de UIC-notaasje.