Springe nei ynhâld

Origenes

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 mai 2020 om 01.01 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Origenes

Origenes (om-ende-by 184/185 - 253/254) wie in omstriden kristlike skriuwer, gelearde en teolooch út de 3e iuw. Hy wurdt beskôge as ien fan de tsjerkfaars.

Origenes waard yn 185 berne yn Aleksandrje as bern fan fromme âlden, dy't him al hiel betiid it Evangeelje leard hawwe. Syn heit Leonidas soe as martler stjerre doe't Origenes noch gjin 20 jier âld wie. Origines waard al jong haad fan in kategetenskoalle yn Aleksandrje, bekend as de Aleksandrynske skoalle. Om 230 hinne hie er in konflikt mei de biskop fan Aleksandrje, en moast er útwike nei Caesarea yn Palestina.

By de kristenferfolgings ûnder keizer Desius waard Origenes finzen nommen en foltere. Oan de gefolgen hjirfan soe er stjerre yn 253 of 254.

Origenes besocht mei metoaden út de klassike wiisbegearte fan de teology in folweardich, kristlike wittenskip te meitsjen. Dêrby boude hy fierder op it wurk fan de Joadske filosoof Filo fan Aleksandrje, dy't nei in ferbining socht fan de âldtestamintyske godsiepenbiering en it Grykske tinken. Origenes die dit troch de logos ta it sintrale begryp te meitsjen fan it godstsjinstich-wiisgearich tinken: in brêge tusken geast en guod, in wêzen tusken God en de wrâld. Dit tinken brocht Origenes ta syn alles-oerstigende teology en filosofy. Hjirmei hat er harmonij brocht tusken de Joadsk-kristlike teos en de Gryksk-platoanyske logos. De apostel Jehannes hie oan it begryp logos in bibelske ynhâld jûn, Origenes joech oan dit bibelske begryp in Grykske ynhâld.

Mei syn bydrage hat Origenes in wichtich oandiel levere oan de ûntwikkeling fan it eastersk kristlike tinken. In oare bydrage dy't er levere hat wie it begjinsel fan de allegoaryske ynterpretaasje fan bibelteksten. Neffens him moast de ienfâldige letterlike betsjutting fan de Bibel ûnderskieden wurde fan de djippere, geastlike betsjutting. Dizze útlis fan de Skrift soe him in protte tsjinstân opleverje, û.o. troch Melito fan Sardes en Laktantius.

Origenis makke ek ûnderskied tusken de folsleine Godheid fan God de Heit en Godheid fan God de Soan. Neffens him wie de Soan minder godlik as de Heit. Boppedat learde hy dat elk skepsel, rêden wurde sil troch oanduorjende lottering fan de siel. Ek de duvel, sil úteinlik wer ingel wurde.

Origenes hat as earste besocht om in systematyske teology gear te stallen, dy't hy de titel "Grûnbegjinsels" mei joech. Ek hat er de saneamde Hexapla gearstald. Dit is in tekstútjefte fan it Alde Testamint yn seis kolommen, dêr't njonken de Hebriuwske tekst de wichtichste Grykske oersettingen yn opnommen wienen. Boppedat hat er ferskate kommentaren skreaun op allegearre bibelboeken.

  • Commentaria in Evangelium Matteum
  • Commentaria in Evangelium Joannis
  • Contra Celsum
  • De oratione
  • De principiis
  • De sacrifice
  • Homiliae in Canticum Cantorum