Springe nei ynhâld

Laura Black

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 mai 2020 om 15.35 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (de fraach stiet al iepen op de oerlisside; freegje it oars streekrjocht oan de skriuwer, Ieneach fan 'e Esk)
Laura Black
persoan yn de seksyndustry
Ofbyld:Laura Black.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Eva, Eva Black, Eva Bond,
Eva Ivanovich, Eva Koll,
Eva Kosa, Eva Unger, Eva Vanel,
Grazia Neri, Julia Adams,
Lydia Maerz, Virginia White
echte namme Eva Balasz
nasjonaliteit Roemeensk
berne 20 septimber 1973
berteplak ? (Roemeenje)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19972001
offisjele webside
gjint

Laura Black, echte namme: Eva Balasz (20 septimber 1973), is in rêstend Roemeensk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Hongaarsk komôf, dy't ek wol wurke hat ûnder in ferskaat oan oare artystenammen (Eva, Eva Black, Eva Bond, Eva Ivanovich, Eva Koll, Eva Kosa, Eva Unger, Eva Vanel, Grazia Neri, Julia Adams, Lydia Maerz en Virginia White). Black wie fan 1997 oant 2001 wurksum yn 'e pornoyndustry.

Libben en karriêre

Laura Black waard yn 1973 berne yn Roemeenje. Hja waard yn 1997 ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, wêrnei't hja datselde jiers noch har debút makke yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Black ûnder har karriêre yn totaal yn 58 pornofilms, hoewol't dêrby ferskate kompilaasjefideo's by meiteld binne. Hja wurke ferskate kearen gear mei Woodman yn films dy't útbrocht waarden troch it Sweedske Private-label, lykas it gefal wie by Tatiana 1 (1997).

Dêrnjonken wie Black ek aktyf foar guon oare Jeropeeske filmstudio's, lykas it Frânske Vidéo Marc Dorcel en it Nederlânske Helen Duval Productions. Teffens wie Black ûnder har karriêre yn 't spier foar ferskate foaroansteande Amerikaanske labels, lykas Vivid Entertainment, Diabolic Video, New Sensations, Evil Angel, Anabolic Video, Sin City en VCA Pictures. Uteinlik loek hja har yn 2001 út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken

Neffens har offisjele opjefte wie Laura Black ûnder har karriêre 1.78 m lang, mei in gewicht fan 57 kg, en in natuerlike kupmaat 36B.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: