Julius Vitringa Coulon
Appearance
Julius Vitringa Coulon (Ljouwert, 29 maaie 1767 - Parys, 15 augustus 1843) wie in medikus.
Julius Coulon wie learling fan Valentinus Slothouwer. Nei syn stúdzje yn Frjentsjer en Leien wurdt er dokter yn Ljouwert mei in drokke praktyk. Hy wurdt presidint fan 'Departementale Commissie van Geneeskundig Bestuur' tusken 1801-1827. Joech ûntleedkundige lessen en hâlde him ek dwaande mei feesykten. Coulon wie oprjochter fan it 'Vriesch Genootschap van proefondervindelijke Landbouw' (1835). Boppedat hat er opstellen en boeken skreaun op it mêd fan genêskunde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|