Springe nei ynhâld

Karel Tomeï

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 apr 2020 om 17.17 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Boeken: ek dy noch)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Karel Tomeï (Rotterdam, 1941) is in Nederlânsk fotograaf dy't spesjalisearre is yn loftfotografy. Hy publisearre ferskate boeken mei loftfot's fan Nederlân en Belgje. Fierders fotografearre er de Antillen en Súd-Afrika út de loft wei.

Yn 1988 ûntfong er de Kodak Award. In 1990 rikte kening Gustav fan Sweden him in priis foar artistike fotografy fan lânskip en miljeu út. 2003 joech TNT Post twa postsegels mei foto's fan Tomeï út. Hy hie syn earste útstalling yn 1988 en dêrnei ûnder oaren yn Moskou (1998), Japan en de wachthal fan lofthaven Skiphol (2005).

Karút:

  • .NL, mei tekst fan Martin Bril,
  • De bovenkant van Nederland, diel 1,2 en 3,
  • BEXL,
  • De bovenkant van Den Haag,
  • De bovenkant van Utrecht,
  • Zeeland,
  • Flying over Curaçao,
  • Flying over South Africa,
  • High over Holland
  • Boven de Zaan

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]