Springe nei ynhâld

Groninger Belang

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 apr 2020 om 16.57 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

It Groninger Belang (Frysk: Grinslanner Belang) is in politike partij dy 't yn de Nederlânske provinsje Grinslân aktyf is.

It Groninger Belang ûntstie út in gearwurking tusken lokale partijen út de hiele provinsje Grinslân. Yn 2015 wûn de GB har earste sitten yn de Provinsjale Steaten fan Grinslân.

Sûnt de partij yn 2014 gearwurke mei in soad oare regionale politike partijen, hawwe dy ûnder de namme Onafhankelijke Senaatsfractie mei elkoar ien sit yn de Earste Keamer. Sûnt juny 2015 wurdt dy ynnomd troch Hindrik ten Hoeve, in lid fan de FNP.

Yn de Provinsjale Steaten fan Grinslân hie de partij yn 2015 trije (fan de 43) sitten. Dy trije sitten bleaune yn 2019 behâlden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: