Springe nei ynhâld

Reboot (fiksje)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 apr 2020 om 17.38 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In reboot (út it Ingelsk; útspr.: [ɹi.'bu:t], likernôch: "rii-bûût") is it op 'e nij begjinnen mei in al langer besteand fiktyf universum, wêrby't alle foargeande kontinuïteit nei de foddekoer ferwiisd wurdt. Dat betsjut dat de personaazjes, plotlinen en eftergrûnen wer hielendal weromset wurde nei it begjinpunt, en dat alle ûntwikkelings dy't yn 'e tuskentiid plakfûn hawwe, as net-bard beskôge wurde. In reboot is wat oars as in remake, wêrby't fan in fiksjewurk dat al bestiet in nije ferzje makke wurdt. Reboots komme fral foar by filmsearjes en oare mediafranchises dy't wat yn it slop rekke binne. In reboot wurdt yn sokke gefallen beskôge as in frisse start dy't it spul wer nij libben ynblaze kin troch nije belangstelling te wekjen by it publyk. Foar in filmstudio is in reboot fan in âlde searje minder finansjeel riskant as in folslein nije film, mei't der foar in reboot al in besteande fanbase is. Reboots hawwe it bykommende foardiel dat regisseurs en filmprodusinten in nije en almeast jongere groep akteurs yn bekende rollen caste kinne, wat hooplik ek in jonger publyk oanlûke sil.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.