Abbemastate
Abbemastate, ek: Aebema guedt, Abbemahuys, Abbema staetten ter Laen en Aebynghestaette, wie in state west fan Kollum, gemeente Kollumerlân. Fan de state is neat werom te finen.
De stins wurdt foar it earst neamd yn it begjin fan de 16e iuw. Yn 1505 waard Focko Abbema as ealman yn Kollumerlân neamd; in Snitser Abbema pretindearre inkele generaasjes letter mar foar it Hof fan Fryslân terjocht stean te hoegen omdat er in neisiet fan dizze haadling wie. Yn 1517 ferkochten Bauk en Hylk, widdo en dochter fan Fokke Abbema lân ûnder Aldwâld oan it Feankleaster. Om 1543 hinne hawwe Sipke, Lieuwe en Adzert Abbema besittings yn dizze gritenij. Sipke wie yn 1540 boargemaster fan Snits, Lieuwe en Adzert wurde neamd yn in list fan Hearskippen út 1545. Yn 1567 wie “Floeress Aebema” besitter van “Aebemastaede toe Collum”. Yn 1581 komt te Kollum in Aebo Abbema foar. Yn 1590 is de state eigendom fan Sipke Abbema, troud mei Auck Rispens, dy't dêr sels nei alle gedachten net of allinnich yn de simmer wennen, omdat Sipke âlderman fan Snits wie. Oant de ein fan de 16e iuw bleau de state eigendom fan de Abbema's yn Snits, dêrnei waard it ferkocht.
Yn 1543 waarden neamd Abbemahuys, Abbema staetten ter Laen, en Abbema koefenne, in 1550 drie akkers in Aebema guedt, in 1619 land gelegen voor Abbemahuys op't noordt van de wech. In aadlik hûs wie Abbema-zathe, sa't it yn 1607 neamd waard, oan it begjin fan de 17e iuw net mear. Yn dat jier ferkocht Jurrien Hendriksz. dizze pleats oan Henricus Gualteri, sekretaris fan Ljouwert. Letter kaam it goed yn hannen fan de famylje Fan Aylva en yn 1775 waard it oankocht troch Jan Braak, dy't yn East-Ynje fortún makke hie. Hy boude op it âlde stee fan de state in nij hearehûs. Anthony Braak, nei alle gedachten syn soan, ferkocht it hûs mei tahearrende lannen yn 1808 oan Sjoerd Gerardus Fruitier de Talma, ûntfanger fan de beskreaune middelen yn Kollum. Dy wie yn 1803 yn it doarp komd te wenjen mei syn frou Lucia Aurelia Bergsma út de fermogende Fryske regintefamylje mei deselde namme. In represintative wenning wie dus in must.
- Bewenners
- 1505 Focko Abbema
- 1517 Bauk en Hylk Abbema
- 1543 nei alle wierskyn Sipke Abbema
- 1567 Floris Abbema
- 1581 Aebo Abbema
- 1590 Sipke Abbema
- oant 1607 Jurrien Hendriksz.
- sûnt 1607 Henricus Gualteri
- fam Fan Aylva
- 1775 Jan Braak
- 1808 Sjoerd Gerardus Fruitier de Talma
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|