Springe nei ynhâld

Lukretius

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 mrt 2020 om 16.37 troch PieterJanR (oerlis | bydragen) (Linkfix)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Lukretius
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Titus Lucretius Carus
nasjonaliteit Romeinsk
berne ±99 f.Kr.
berteplak Rome (Romeinske Ryk) (?)
stoarn 55 f.Kr.
stjerplak Rome (Romeinske Ryk) (?)
etnisiteit Romeinsk
wurk
taal Latyn
sjenre poëzij
perioade Klassike Aldheid
bekendste
  wurk(en)
De Rerum Natura
jierren aktyf ±7955 f.Kr.
offisjele webside
n.f.t.
De rerum natura, 1570

Lukretius (folút: Titus Lukretius Karus; ±99 f.Kr.55 f.Kr.) moat ien fan Rome's grutste dichters en filosofen west hawwe, mar der is frijwol neat oer him bekend. Syn iennichste oerlevere wurk is it leardicht De Rerum Natura ("Oer it Aard fan de Dingen"), dat de ideeën fan 'e epikuristyske filosofy behannelet.

Der is mar in hiel lyts bytsje bekend oer it libben fan Lukretius. It iennichste dat mei wissichheid oer him sein wurde kin, is dat er itsij in freon, itsij in kliïnt wie fan 'e dichter Gajus Memmius, oan wa't er De Rerum Natura opdroech. Lukretius waard yn Rome as in grut dichter beskôge, sa't ûnder mear bliken docht út in brief fan 'e steatsman en filosoof Sisero, wêryn't dy yn febrewaris 54 f.Kr. oan syn broer Kwintus skriuwt: "De gedichten fan Lukretius binne sa'tsto skreaust: der komme allegeduerigen geniale fynsten yn foar, en dochs binne se teffens mei grut fakmanskip makke." Ut in moderne literêre evaluaasje fan De Rerum Natura docht lykwols bliken dat Lukretius himsels op plakken werhellet, wylst Boek VI abrupt einiget midden yn 'e beskriuwing fan in útbraak fan 'e pest yn Atene. It gedicht liket sûnder ienige foarm fan redigearring publisearre te wêzen, mooglik fanwegen Lukretius syn hommels ferstjerren.

Der wurdt nei Lukretius ferwiisd yn it twadde boek fan 'e Georgica fan Fergilius, en yn it Libben fan Fergilius, in biografy fan 'e hân fan Aelius Donatus, wurdt ferteld dat Lukretius stoar op deselde dei dat Fergilius santjin jier waard. Dat is lykwols net wier, want Fergilius syn santjinde jierdei foel yn 53 f.Kr., en wy witte dat Lukretius stoar yn 55 f.Kr. Yn syn saneamde Chronicon hâldt Donatus syn learling Hieronymus út dat Lukretius sljochtsinnich waard nei't er in leafdesdrankje ynnommen hie, en dat er himsels tekoart die doe't er 44 jier wie. Dit ferhaal wurdt lykwols troch moderne histoarisy ornaris beskôge as it resultaat fan betizing of fan anty-epikuristyske propaganda.

Fierders kin allinnich noch oer Lukretius sein wurde dat er wierskynlik in telch wie út it aristokratyske Romeinske slachte fan 'e Lucretia, mei't út De Rerum Natura in yntime kennis blykt fan 'e wielderige libbensstyl fan 'e Romeinske elite. Boppedat hied er, krekt as withoefolle rike Romeinen, in djoer ûnderrjocht genoaten: it bewiis dêrfoar is syn behearsking fan it Latyn sawol as it Gryksk, en fierders syn kennis fan 'e literatuer fan syn tiid en fan 'e filosofy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.