Springe nei ynhâld

Blêdluzen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 feb 2020 om 16.14 troch PieterJanR (oerlis | bydragen) (Correctie)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Blêdluzen
Ferskate stadia fan griene appellús (Aphis pomi) A=Folwoeksen wyfke B=Folwoeksen mantsje C=Unfolwoeksen wyfke D=Aailizzend wyfke E=Aaike.
Ferskate stadia fan griene appellús (Aphis pomi)
A=Folwoeksen wyfke
B=Folwoeksen mantsje
C=Unfolwoeksen wyfke
D=Aailizzend wyfke
E=Aaike.
Taksonomy
domein: eukaryoaten (Eukaryota)
ryk: dieren (Animalia)
boppestamme: oermûnigen (Protostomata)
rangleas takson: ferfellingsdieren (Ecdysozoa)
stamme: lidpoatigen (Arthropoda)
ûnderstamme: seispoatigen (Hexopoda)
klasse: ynsekten (Insecta)
skift: healwjukten (Hemiptera)
ûnderskift: planteluzen (Sternorrhyncha)
boppefamylje: blêdluzen (Aphidoidea)
Linnaeus, 1758

De blêdluzen (Aphidoidea) foarmje in boppefamylje fan lytse plante-itende ynsekten dy’t har mei stekkende en sûgende mûlstikken (stiletten) passyf fuorje mei soppen út it floëem (krekt as in tal besibbe superfamyljes, lykas ‘wite mich’ bygelyks superfamylje Aleurodidae), It floëemsop streamt troch de seefieren en stiet ûnder hege druk. It wurdt troch de plant yn it itenskanaal fan de blêdlús parse sadree’t de stiletten in floëemier oanprippe.

Der binne griene, wite, swarte, giele, reade en pearse blêdluzen. Ut de lichems fan guon soarten wurde sels felreade pigminten, lykas karmyn út de kochenillelús wûn. It sêfte, parfoarmige lichem wurdt meast net grutter as 5 mm. Oan it efterliif sitte twa buisfoarmige organen, dêr’t in floeistof út ôfskieden wurde kin.

Skea oan planten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek sûge blêdluzen by no en dan aktyf ksyleemsop. Blêdluzen sitte meast op groeipunten lykas de toppen fan jonge stâlen mei waaksend blêd en blomknoppen, omdat de sopstream dêr in soad fiedingstof hat, dy’t nedich binne foar it waaksen fan de plant.

De stiletten fan blêdluzen penetrearje fan de epidermis nei it floëem tusken de plantesellen troch (yntersellulêr) en tusken de selluloazefezels in gel foarmet (sjelearjende flibe). De stiletten wurde sadwaande hielendal troch dy flibe bedutsen, de saneamde flibeskie dy’t nei weromlûken yn de plant efterbliuwt. In soad sellen by it stiletpaad lâns wurde lykwols koart (sawat 5 tellen) oanpript (yntrasellulêr). By dy koarte selpunksjes wurdt (net sjelearjende, wetterige) flibe yn de sel ynjektearre en dêrmei wurde de planten mannich kearen mei firussen ynjektearre.

Swarte beanelús op top fan túnbean.

De firusoerdracht foarmet de wichtichste boarne fan de ekonomyske skea dy’t troch blêdluzen feroarsake wurdt. By in selpunksje wurdt dêrnei ek wat sop opsûgd en preaun, foar’t neist om de kwaliteit fan de planten nei te gean. Nei de selpunksje lûke de stiletten har wer wat werom en geane fierder op har yntersellulêr paad. Op inselde wize wurde ek de floëemsellen oanpript, mar dan faak langer. Nei earst flibe yn de seefier pompt te hawwen, wurdt der yn it itenskanaal in klepke iepene en soarget de druk derfoar dat it floëemsop it itenskanaal ynstreamt. De fiedselopname kin oeren, sels dagen efterinoar trochgean sûnder dat it stiletpunt fan plak feroaret.

It sterk sûkerhâldend floëemsop wurdt dêrnei foar in grut part as klibberige floeistof útstaat, de saneamde ‘huningdauwe’. De blêdlús hat de wichtige aminosoeren der dan effisjint út opnommen. De huningdauwe wurdt troch eamelders, wapsen en bijen brûkt as boarne fan iten. Inkeld beskermje de eamelders de luzen aktyf tsjin predatoaren lykas ingeltsjes.

Blêdluzen feroarsaakje benammen skea oan planten troch firusoerdracht, mar de plant kin ek giel wurde (gloroasis), groeifersteurings krije, útdrûgje of sels ôfstjerre (nekroasis). Boppedat kin de huningdauwe in fiedingsboaiem wêze foar skimmelgroei, dy’t ek wol ‘roetdauwe’ neamdd wurd fanwege de swarte kleur. Slim skealik binne ûnder oare de griene perziklús op ierdappel (firusoerdracht), de swarte beanelús op beane en oare grienten (ferdrûging) en de roazelús op roazen (fergroeiïngs).

Blêdluzen kinne har simmerdeis omraak fuortplantsje, omdat it aaistadium dan ûntbrekt (libben bernje) en hawwe betiden 15 oant 20 generaasjes jiers. De fuortplanting is dan aseksueel (partenogenetysk) en in soad soarten produsearje dan dochters sûnder wjukken (aptearen), mar by ûngeunstige omstannichheden ûntsteane dochters mei wjukken (alaten), dy’t har makliker ferspriede.

Ingeltsjes, earkrûpers, sweefneven, gaasneven en slûpbijen of harren larven romje in soad blêdluzen op en kinne foar biologyske bestriding ynset wurde. Guon planten kinne beskerme wurde troch farianten te kweken mei klierhier of foarmen fan blêdlúsresistinsje.

Der binne 12 famyljes:

Bisten dy’t blêdluzen ite

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]